Ljouwert en Noardeast-Fryslân skriuwe measte coronaboetes út fan Fryslân

17 jul 2020 - 07:01

Yn de gemeenten Ljouwert en Noardeast-Fryslân binne de measte coronaboetes útdield fan Fryslân. Dat litte sifers sjen dy't de Volkskrant opfrege hat by it Iepenbier Ministearje.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn de gemeente Ljouwert waarden 155 boetes útdield, yn Noardeast-Fryslân 54. Dêrby giet it gemiddeld om respektyflik 12,5 en 12 boetes de 10.000 ynwenners. Dêrnei dielden aginten yn Waadhoeke de measte boetes út: 37 yn totaal, 8 de 10.000 ynwenners.

Yn Tytsjerksteradiel en op Flylân en Skiermûntseach waarden hielendal gjin boetes útdield.

Ljouwert en Noardeast-Fryslân helje it mei harren gemiddelde lykwols by lange nei net by de tsien gemeenten yn Nederlân mei de measte boetes. Gemeente Zaltbommel stiet boppe-oan de top 10 mei 110 boetes, 38,1 de 10.000 ynwenners. Folge troch Bunschoten: 83 totaal. 38 gemiddeld.

Coronaboetes yn Fryslân

Gemeente Totaal oantal boetes Oantal boetes de 10.000 ynwenners
Ljouwert 155 12,5
Noardeast-Fryslân 54 12
Waadhoeke 37 8
Súdwest-Fryslân 31 3
Smellingerlân 21 3,7
Dantumadiel 16 8,5
Weststellingwerf 16 6,2
Achtkarspelen 11 4
Hearrenfean 10 2
Harns 9 5,7
De Fryske Marren 8 1,6
Skylge 4 8,2
It Amelân 3 8,1
Eaststellingwerf 3 1,2
Opsterlân 1 0,3
Tytsjerksteradiel 0 0
Flylân 0 0
Skiermûntseach 0 0

Opfallend is dat de top trije Fryske gemeenten skerper taseagen op de regels as bygelyks de gemeenten Grins (116-5) en Zwolle (49-3,8).

De sifers jouwe benammen oan dat guon stêden mear prioriteit jûn hawwe oan it hanthavenjen fan de coronaregels as oare, seit strafrjochtsaakkundige Henny Sackers tsjin de Volkskrant: "Het is een kwestie van mensen en inzet. Dat zijn bestuurlijke keuzes."

(advertinsje)
(advertinsje)