Strjitmeubilêr giet yn flammen op yn Garyp

17 jul 2020 - 06:26

Yn Sigerswâld, in buertskip by Garyp, is yn de nacht fan tongersdei op freed strjitmeubilêr yn flammen opgien. De brânwacht fan Burgum en Ljouwert riden om 1.40 oere út foar wat yn earste ynstânsje like te gean om in buorkerijbrân.

Foto: De Vries Media

Al gau die bliken dat it net gie om in buorkerij, mar om in picknickbank. De brânwacht fan Ljouwert kearde dêrom healweis werom. De brânwacht fan Burgum hie de brân al rap ûnder kontrôle.

De plysje hat koart sjoen oft der wat wie dat wiisde op brânstichting. Oft dat it gefal wie, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)