Zuyderzee Lyceum op De Lemmer krijt in nije lokaasje

16 jul 2020 - 22:00

It Zuyderzee Lyceum op De Lemmer krijt in nij plak oan de Strjitwei. It skoalgebou is al in skoft oan ferfanging ta, jout gemeente De Fryske Marren oan. It kolleezje hat tegearre mei it bestjoer fan VariO in nije lokaasje fûn.

Zuyderzee Lyceum - Foto: Google Street View

Neffens de gemeente is der genôch romte en kin it parkearterrein by de sportfjilden brûkt wurde yn de skoaloeren. Mooglik kin yn 2022 de bou úteinsette. Dat sil likernôch in jier duorje.

Lokaasjedirekteur Miranda Hazelaar tinkt dat de nije lokaasje better te berikken is foar learlingen. It âlde pân kin eins net mear. "Het is een oud gebouw dat altijd goed onderhouden is, maar nu zijn er toch grotere maatregelen nodig. In de winter zijn een aantal plekken in de school lastig te verwarmen. Het is daarnaast een ideale kans om met de inrichting van het nieuwe gebouw in te spelen op de veranderingen in het onderwijs," seit Hazelaar.

(advertinsje)
(advertinsje)