Cambuur wint mei 4-1 fan Harkemase Boys yn twadde oefenwedstriid

De earste helte begûn goed foar de Harkemase Boys, mar sy moasten dochs de slach ferlieze fan SC Cambuur yn in oefenwedstriid yn Ljouwert. De wedstriid einige mei 4-1 foar Cambuur. It wie in oefenwedstriid dêr't mar 250 supporters by wêze mochten, dus de tribunen wiene foar in grut part leech.
Doelpunten SC Cambuur - Harkemase Boys
Yn de earste oefenwedstriid op 9 july hat Cambuur mei 11-0 wûn fan ONS Snits. De ôfrûne kear dat Cambuur tsjin Harkemase Boys spile wie op 12 july 2019, doe wûn Cambuur mei 3-0.

Harkemase Boys nei 8 minuten foar

De ôftraap wie fan Robert Mühren. De Harkemase Boys pakten al nei acht minuten de lieding yn it stadion. Nei in foarset fan links koe Margaritha in doelpunt meitsje. It makket dat Cambuur de wedstriid wat ûnwennich úteinset. It slagge Mühren net om fan in frije traap in goal te meitsjen: syn skot waard tsjinholden.
Jhurrey Margaritha moast efkes letter fan it fjild mei in blessuere. Heine Hiemstra kaam foar him yn it plak. It slagge de Harkemase Boys om de 0-1 foarsprong te hâlden oant it skoft.

Wiksels en goals

Net lang nei't de twadde helte begûn, slagge it Jamie Jacobs om de stân 1-1 te meitsjen. Hiemstra fan Harkemase Boys en Jacobs fan Cambuur krigen beiden in giele kaart. Hiemstra waard wiksele foar Iloba Achuna en Bruintjes waard ferfongen troch Dennis van Duinen. By Cambuur gie spits Mühren der út, dêr kaam Mitchel Paulissen foar yn it plak. Harkemase Boys krige twa corners, mar it slagge net in goal te meitsjen.
Dat slagge SC Cambuur wol: Robert Maulun skoarde de 2-1 mei in frije traap. Net lang foar de ein fan de wedstriid wist Korte der noch in tredde doelpunt by te meitsjen foar Cambuur. En oft dat noch net genôch wie makke Korte ek noch de 4-1 yn de slotfaze, nei in slalom om de doelman fan de Boys.
Besjoch hjirûnder de ynterfiews mei de beide coaches:

Spesjale gast

Ien fan de 250 taskôgers by de wedstriid wie âld-spiler Koen Brack fan Cambuur. Hy wennet en fuotballet yn Itaalje, mar is in pear wiken yn Nederlân. Doe't Brack seach dat syn âld-klup in oefenwedstriid spile, woe hy mar al te graach efkes sjen. En dêrom wie der tongersdeitejûn yn it Cambuur Stadion:
Ald-spiler Koen Brack fan Cambuur
Opstelling begjin earste helte
SC Cambuur: Sonny Stevens, Calvin Mac-Intosch, Doke Schmidt, Mees Hoedemakers, Mitchel Paulissen, Michael Breij, Alex Bangura, Mart Dijkstra, Robert Mühren, Ragnar Oratmangoen, Jarchinio Antonia
Harkemase Boys: Erick Jansema, Feike Zijlstra, Aloba Achuna, Thomas Prinsen, Gerald Postma, Kian Visser, Dennis van Duinen, Mark Bruintjes, Max de Jong, Jhurrey Margaritha, Berwout Beimers
© Orange Pictures