Tal wurkleazen ferdûbele op It Amelân: wethâlder foarsjocht gjin problemen

16 jul 2020 - 20:11

It tal wurkleazen yn Fryslân is krekt wat minder as in moanne lyn, mar yn ferliking mei ferline jier binne der folle mear WW-útkearingen. De gemeente dêr't it ferskil it grutst is mei in jier lyn, is Amelân. Dêr is it tal wurkleazen ferdûbele: fan 48 in jier lyn, nei 98 ôfrûne moanne.

It gemeentehûs fan Amelân oan de Jelmeraweg yn Ballum - Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Wethâlder Piet IJnsen fan Amelân jout oan dat it net nij foar him is. "Ik ben er slechts ten dele van geschrokken. Het is wel een uitvloeisel van het coronatijdperk dat we nu hebben. Daarom verontrust het me niet, maar het drukt je wel met de neus op de feiten. We wisten dat er meer mensen waren die zich bij het UWV gemeld hadden. Dus dat hadden we verwacht. Maar als je in juli de thermometer er weer in zou steken, dan denk ik dat het aantal wel lager is."

Giet wer goed mei hoareka

Hy tinkt ek net dat it tal wurkleazen foar problemen soargje sil. "Ik zie dat de bedrijfsontwikkeling vanaf 1 juni, met name in de horeca, weer is toegenomen. Het is extra druk op het eiland met gasten. En in andere sectoren bespeur ik ook niet dat er minder werk is."

De eilannen besykje noch stipe te krijen fan it regear. IJnsen: "Dat traject loopt nog. Er is inmiddels wel een brief van de staatssecretaris gekomen, er zijn regelingen voor gemeenten. De ministeries willen nog met de eilanden in gesprek."

Wethâlder Piet IJnsen fan Amelân

(advertinsje)
(advertinsje)