Simmerdrokte op it Fryske wetter: hoe is dat foar in hanthavener?

16 jul 2020 - 19:22

It is drok op it Fryske wetter. It wie ôfrûne simmer ek drok. Mar troch it coronafirus is it tal boatsjes op it Fryske wetter dit jier eksplosyf groeit, sjocht de provinsje. Bygelyks de Turfrûte wurdt is twa kear sa drok en op jûntiid binne der mear minsken op it wetter te finen. It falt de provinsje ek op dat der mear minsken mei minder ûnderfining in boatsje bestjoere.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Troch it coronafirus binne der in soad eveneminten dy't net trochgeane, ek op it wetter. Bygelyks it SKS Skûtsjesilen of de Snitswike. Dochs wie it dit jier al betiid drok op it wetter, seit hanthavener Siemen Smits fan Provinsje Fryslân. "It begûn al frij betiid mei it moaie waar. Doe wie de coronakrisis noch flink dwaande, mar minsken woene dochs graach mei de boat it wetter op. Dêr hawwe wy wol wurk fan hân, mar aldergeloks is it aardich goed gien."

"Hinderlijke waterbeweging"

Dochs smyt de rekreaasjefeart wol problemen op. "Minsken binne faak wat te hastich en wolle te fluch. Ek de jongerein: in soad rubberboaten en net altyd op 'e hichte fan de regels." Dan giet it bygelyks om in 'hinderlijke waterbeweging.' "Dat is as je wat te hurd mei in boar farre en in grutte golf efter je oan lûke. Dat is tige hinderlik foar de minsken tsjin de kant. Dat moat eins foarkommen wurde."

Gastfrij hanthavenje: werom peddelje

"Wy besykje gastfrij te hanthavenjen," seit Smits lykwols. "Sa jouwe wy jongelju ûnder de 16 jier net in boete, mar in warskôging. Wy belje mei de âlden en litte se werom roeie as alternative straf. Dat wurket goed. As sy in te swiere motor hawwe sizze wy: de motor omheech, en mar peddelje. Dat wurket wol goed by de jongerein. Wy hoopje se wat bewust te meitsjen fan wat sy dogge."

Turfrûte

Smits is wiis mei de belangstelling foar de Turfrûte dit jier. "It is moai dat de minsken dizze rûte no fine kinne. Der is in soad oan ferbettere en it is in prachtige rûte mei slûzen en brechjes. Dêrmei krije de gruttere wettersportdoarpen ek wer wat minder minsken foar de kiezzen."

Siemen Smits fan de hanthavening fan provinsje Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)