Noch gjin hierkontrakt Thialf en UNIS Flyers: grutte tsjinoerstelde belangen

16 jul 2020 - 18:18

De UNIS Flyers hawwe noch gjin nije hieroerienkomst mei Thialf. It oerlis tusken de direksje fan Thialf en it bestjoer fan de iishockeyers woansdei wie 'konstruktyf,' mar giet foarearst yn augustus fierder. Dat hat te krijen mei in soad ûnwissens oer de BeNe League iishockekompetysje fanwegen de coronamaatregels. Dêr komt yn augustus mear dúdlikens oer.

De iishockeykompetysje sil mooglik letter úteinsette. De BeNe League begjint dan net yn oktober, mar yn oerlis mei de iishockeyklups wurdt de start mooglik útsteld nei novimber of desimber.

Folle minder publyk

Foarsitter Henk Hoekstra fan UNIS Flyers jout oan dat de coronamaatregels in soad problemen opsmite. "Nei alle gedachten kinne der mei de 1,5 meter sa'n 500 minsken byinoar sitte. Bern oant 12 meie oeral sitte, oant 18 wol byinoar mar net by âlden. Sa binne der tal fan regels, dat makket it tige dreech foar de eksploitaasje. Net eltsenien bliuwt oerein de kommende moannen. Wy sille minder publyk krije, ôfrûne seizoen draaiden wy foar 1.800 man, no foar 400-500. Dêr sitte de sponsoren al by."

It moat ek finansjeel helber wêze, seit Hoekstra. "Dêr binne wy ek oer yn petear mei oare klups. It kin goed wêze dat as der in kompetysje komt, dat dy koarter wêze sil. Dan sil it net yn oktober begjinne, mar yn novimber-desimber. Dat kin in oplossing wêze, mar sa fier binne wy noch net. Takom wike komt de gemeente del. It freget ek in soad ynset: sa binne der minsken nedich dy't besikers freegje nei klachten. Mar der moatte rinpleinen komme, tafersjoch. Dus wy krije oan de iene kant mear kosten, en oan de oare kant minder ynkomsten. Wy besykje it om te spyljen, mar it is net maklik."

Problemen mei Thialf

Dan spylje der ek noch de problemen mei Thialf. "Wy hawwe twa kear byinoar west, dat giet goed, mar Thialf hat fan de polityk in plan krigen om it finansjeel wer wat op de rit te krijen. Mar dat betsjut wol dat der mear fan de hierders frege wurdt. Wy sitte al mei it kompetysjeprobleem. No hat de jongereinstichting wol in kontrakt sletten by Thialf foar twa jier, dus dat skeelt."

Dat nimt net wei dat it noch dreech is. "Thialf hat technysk sjoen ek wol de nedige problemen opsmiten foar ús. Dus wy wolle wol wat wissigens. Wy kinne wol in kontrakt tekenje, mar dan wolle wy ek in stabile hal. It giet op in konstruktive wize, mar wy binne der noch lang net. Alle partijen hawwe oare belangen. Thialf hat problemen, mar wy moatte ús klup wer oerein hâlde. Yn augustus prate wy wer fierder."

It folsleine ynterview mei Henk Hoekstra, foarsitter UNIS Flyers

(advertinsje)
(advertinsje)