Weromrop: Theo Timmermans wie Hans Vonk-fan en waard letter profkeeper

SC Hearrenfean bestiet 100 jier en dêrom sjogge we dizze wike werom mei in greep út de moaiste en nijsgjirrichste programma's, dy't op Weromrop te finen binne. 'Fan fan' wie in rubryk yn it sportprogramma Boppeslach. De doe 8-jierrige Theo Timmermans wie fan fan keeper Hans Vonk. Yn 1998 frege Theo him it himd fan it liif. Twolve jier letter stie Timmermans sels as keeper ûnder de latte by ûnder oaren FC Volendam.
Omrop Fryslân stiet wiidweidich stil by it 100-jierrich jubileum fan SC Hearrenfean. Mei alle wiken in nije podcast online oer in ikoanyske wedstriid út it ferline, moaie programma's út it argyf fan Omrop Fryslân en fan moandei 13 july ôf sjogge we mei reportaazjes en artikels in wike lang werom op bysûndere mominten út de histoarje fan de Fryske fuotbalklup. Alles is te finen op dizze spesjale jubileumside. Op Weromrop.frl binne noch folle mear âlde reportaazjes en programma's te finen oer SC Hearrenfean.