Pleach fan fleanende mychhimmels soarget foar kopsoargen yn Ljouwert

16 jul 2020 - 16:59

Al dagen lang hat Klaas Wynja lêst fan mychhimmels. Gjin gewoanen, már fleanende mychhimmels. Hy makket him sa'n soargen dat hy net mear foar langere tiid de doar út giet, want as hy dan werom komt sit it hûs der fol mei. Wynja besiket fan alles: bestridingsmiddels, de krante, mar neat helpt. Hy hopet dat syn wenningkoöperaasje Elkien helpe kin om de dierkes te bestriden, mar dy hawwe der al west nettsjinsteande dat it net ûnder harren ûnderhâld falt.

Mierepleach

Oan de Canadezenlaan yn Ljouwert is it in kommen en gean fan mychhimmels. "We meitsje ús soargen om't der neat oan dien wurdt. Wy hiere in wenning en ferwachtsje dat de ferhierder soarget dat it probleem oplost wurdt, mar dy wol der neat fan witte," seit Wynja.

Ek Wynja syn buorlju hawwe lêst fan de bistjes. Wynja besiket fan alles: bestridingsmiddels, de krante, mar neat helpt. "Sa gau't de sinne skynt dan komme se út de nêsten wei", fertelt Wynja. "Juster jûn hong in hiele koloanje oan de ruten fêst, dus dy bestride wy dan mei kranten, mei stofsûgers en mei poeiers".

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek nimt de saak ûnder de loep

Foto: Omrop Fryslân

"Normaal gesproken is het zo dat als er ongedierte is, dat de huurder daar zelf verantwoordelijk voor is en ongediertebestrijding kan bellen", seit Marjolein Raemaeker fan wenningkoöperaasje Elkien. "We zijn toch even langs gegaan om te kijken wat is hier aan de hand. Er werd geconstateerd dat er inderdaad vliegende mieren waren. Dat klopt ook wel want het is de tijd van het jaar, dat zal overal zijn. Onze vakman is bij een bewoner naar binnen gegaan en heeft een aantal kiertjes gekit".

"Wij gaan er niet over"

Neffens Elkien moatte de bewenners in bestridingsbedriuw ynskeakelje om't de bestriding fan de bistjes net yn harren takenpakket sit. "Als er echt sprake is van zware overlast dan is het een kwestie van melden bij de ongediertebestrijding, daar gaat de woningcoöperatie in principe niet over."

Wynja bellet sels net mei de ûngediertebestriding. "Dat hat myn buorfrou fierderop al dien, dy moast 250 euro betelje mei har AOW. As je ien komme litte en dat kost sa'n bedrach... Wêrom moatte wy 250 euro betelje at wy hjir in hûs hiere fan 700 of 800 euro yn de moanne? Ik ha der alle betrouwen yn dat Elkien hjir noch komt om it op te lossen," seit Wynja.

(Advertinsje)
(Advertinsje)