Afonso Alves: "It wie it bêste jier út myn karriêre"

Miskien is hy wol de bêste fuotballer fan sportklup Hearrenfean ea nei Abe Lenstra: Afonso Alves. Hy skoarde 45 goals yn 37 wedstriden. Il Fenomeno wurdt syn bynamme en hy spilet as spiler fan Hearrenfean foar it nasjonale alvetal fan Brazilië. Sportklup Hearrenfean bestiet 100 jier en dêrom bellet Omrop Fryslân eltse dei mei in spiler út de skiednis fan de klup.
Ynternetrepo Afonso Alves
Earst de plichtplegingen: hoe is it mei Alves yn dizze tiid mei corona? "It is rêstich, ik sit no thús fanwege de pandemy. It giet hjir tige min." Brazilië is ien fan de lannen mei de measte deaden.
Alves wennet no yn Belo Horizonte, ien fan de grutste stêden fan Brazilië. Dêr is er grutbrocht en fuotballe er foar Atlético Mineiro. Yn 2002 reizget er nei Örgryte yn Sweden. Hy spilet ien jier by de klup dêr't de heit fan Marcus Allbäck foarsitter fan is en ferhûzet nei Malmö FF.
Nei trije jier scout Hearrenfean Alves en belibbet hy de bêste faze yn syn karriêre. "Ik kin it my hiel goed yn 't sin bringe. It wiene hiele moaie jierren. It twadde jier wie it meast bysûnder. Doe wûn ik de Sulveren Skoech (efter Totti topskoarer fan Europa, red.) en de Nederlânske Gouden Skoech (bêste fuotballer fan it seizoen 2006/2007, red.). Dat wie it bêste jier út myn karriêre"

Kanarje Alves

It giet sels sa goed, dat de bûnscoach fan Brazilië Dunga him selektearret foar it nasjonale alvetal fan Brazilië. Op 1 juny 2007 makket hy syn debút as ynfaller foar Kaká yn in oefenwedstriid tsjin Ingelân. Hy wint mei Brazilië de Copa América yn 2007, al spilet hy yn de finale tsjin Argentinië net. Dêrnei rekket hy út byld en spilet hy gjin wedstriid mear. Mar in Hearrenfean-spiler dy't opnaam wurdt yn de Braziliaanske seleksje, dat bliuwt bysûnder. "Ik koe al in pear spilers fan de seleksje, dus dat wie gjin probleem. Fan grutte en fan lytse klups, dus dat ik fan in lytsere klup kaam, wie gjin probleem."
Afonso Alves © Omrop Fryslân
Alves wit nei 21 wedstriden yn it seizoen 2006/2007 it kluprekôr fan Anthony Lurling en Jon Dahl Tomasson mei 19 goals yn ien seizoen al te ferbrekken. Alves makket der sels 34 en stiet dêrmei sechde op de topskoarderlist aller tiden. Benammen de frije trapen fan Alves binne ferneamd. "Nei de training bleau ik faak langer mei oare spilers om te trainen. Dêrtroch waard ik echt better." Bij de trainingen woe it eins noait, sa sei trainer Gertjan Verbeek. "By de training wie ik minder konsintrearre. Yn de wedstriid gie it better."

Sânklapper tsjin Heracles

"De sân goals, haha. Ja, fansels ken ik de tsjinstanner noch, Heracles." Op 7 oktober 2007 wint Hearrenfean mei 9-0 fan Heracles. Twa goals fan Gerald Sibon en sân fan Alves. Hy febrekt it rekôr fan Marco van Basten en Johan Cruijff, dy't ea seis kear skoarden. "It wie de bêste wedstriid út myn karriêre", seit Alves oer dy wedstriid. "Hearrenfean wie echt it hichtepunt út myn karriêre."
Goals Afonso Alves
Alves folget Hearrenfean op ôfstân noch wol wat. Hy wie ek benei kaam om nei Hearrenfean te kommen om yn it ramt fan it 100-jierrich bestean in jubileumwedstriid te spyljen. "Ik hoopje noch in kear werom te kommen. Ik hoopje dat de jubileumwedstriid trochgiet. En dan skoar ik wer, miskien wol sân kear."
© Omrop Fryslân
Yn de Hearrenfeanwike sjogge we eltse dei werom op ûnderwerpen út it ferline fan sportklup Hearrenfean. Hearrenfean bestiet moandei 20 july 100 jier en Omrop Fryslân fiert dat mei ferskate reportaazjes. Eltse moarn yn Fryslân fan 'e moarn sjcht ferslachjouwer Roelof de Vries werom op mominten út de skiednis, hawwe wy fragminten fan de seis podcasts dy't Omrop Fryslan makke hat oer SC Hearrenfean en ha we in priisfraach. Jo as harker kinne dan it jubiluemboek fan SC Hearrenfean winne.
Alles oer Hearrenfean en harren 100-jierrich bestean kinst weromfine op us spesjale pagina oer Hearrenfean 100 jier.