UPDATE: A32 by It Hearrenfean wer iepen nei grut camperûngelok

16 jul 2020 - 17:44

Troch in ûngelok op de A32 yn de rjochting fan It Hearrenfean, op hichte fan it tankstasjon by Aldeholtwâlde, wie de dyk Fryslân yn oant 19.00 oere ôfsletten. Dat meldt de ANWB. De plysje moast ûndersyk dwaan nei it ûngelok en dêrneist lei de dyk besiedde mei guod út in belutsen camper.

De sneldyk A32 yn 'e rjochting fan It Hearrenfean wie by ôfslach Wolvegea hielendal ôfsletten. Fan Stienwyk ôf stie der foar de ôfslach Wolvegea in flinke file. De dyk wie yn súdlike rjochting foar in part ôfsletten. Ferkear koe dy kant op wol passearje fia de flechtstripe. Der wiene fjouwer ambulânsen oanwêzich.

Gjin letsel, opfang yn gemeentehûs Wolvegea

Neffens wurdfierder Ernest Zinsmeyer fan plysje Fryslân binne der gjin minsken mei slim letsel. Ien persoan is yn in ambulânse kontrolearre, mar hoegde net nei it sikehûs. Minsken dy't by it ûngelok wiene, binne opfongen yn it gemeentehûs fan Wolvegea. Mooglik is it ûngelok ûntstien om't in frachtwein lading ferlern op de dyk, mar dêr wurdt op dit stuit noch ûndersyk nei dien.

Omlieding

"It is in ravaazje, want der wie in oanriding tusken in frachtwein en in camper. Dêrnei ûntstie in kettingbotsing tusken sân auto's, in camper en in lytse frachtwein mei oplizzer. De dyk is besiedde mei pún, benammen út de camper. Klean, hout, plestik. De dyk is oant 19.00 of 19.30 oere ticht," sei Hilde Bosma fan Rykswettersteat. "Sa'n sân minsken binne licht ferwûne rekke. Dy binne al by de dyk wei helle."

Hilde Bosma fan Rykswettersteat

Foto: ProNews
Trefwurden: 
ûngelok Hearrenfean A32
(advertinsje)
(advertinsje)