Gjin Friesian Proms, beslút Hynstekeuring útsteld oant septimber

De Friesian Proms gean takom jannewaris net troch yn ferbân mei it coronafirus. Dat hat it KFPS (Koninklijke Vereniging Het Friesch Paarden Stamboek) tongersdei as organisator bekend makke.
Gjin Friesian Proms, beslút Hynstekeuring útsteld oant septimber
It evenemint kin allinnich trochgean as der foldwaande publyk is en mei de oardelmeterbeheining is dat net mooglik neffens de organisaasje. Yn ferbân mei de lange tarissingstiid hat it KFPS dêrom "met pijn in het hart" besletten dat der yn jannewaris gjin Friesian Proms organisearre wurde kin.

Hynstekeuring

Wat de Hynstekeuring oanbelanget hat it KFPS noch net in beslút nommen: dat bart pas yn septimber. De organisaasje hopet yn de neisimmer mear te witten oer de mooglikheden. Ek wurdt der wurke oan in alternatyf programma foar de freedtejûn fan de Hynstekeuring, mocht it yn jannwaris dochs trochgean kinne. Dan soe it gean om 7 oant en mei 9 jannewaris 2020.
Marijke Akkerman fan it KFPS
© Omrop Fryslân