Plan foar werynrjochting swimbadgebiet Bûtenpost

16 jul 2020 - 13:24

De gemeente Achtkarspelen hat in plan makke foar in werynrjochting fan it gebiet rûnom it nije swimbad fan Bûtenpost. Neist de realisaasje fan ûnder mear in plein mei parkearfunksje by it swimbad en sporthal De Houtmoune, omfettet it foarstel ek in rekonstruksje fan it krúspunt Kuiperswei-Bernhardleane-De Hoefslach. It plan ferget in ynvestearring fan 550.000 euro.

It nije swimbad yn Bûtenpost - Foto: Gemeente Achtkarspelen

Yn earste ynstânsje wie it de bedoeling om allinnich in parkearterrein by it nije swimbad te lizzen. Dat wurdt nei de simmer fan 2021 yn gebrûk naam. Oant dy tiid bliuwt it swimbad fan no iepen. Op dizze lokaasje stiet de nije parkearfoarsjenning pland.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders stiet achter de werynrjochting fan it gebiet rûnom it swimbad. By it projekt is ek de ferfanging fan de rioelearring fan de Vaart belutsen.

Krusing Kuiperswei-Bernhardleane-De Hoefslach yn Bûtenpost - Foto: Atze van der Ploeg

Mei it nei foaren heljen fan dizze wurksumens yn kombinaasje mei de werynrjochting tinkt de gemeente rûchwei tusken de 50.000 en 100.000 euro besparje te kinnen.

De gemeenteried fan Achtkarspelen bûget him nei it simmerreses oer de plannen.

Trefwurden: 
Bûtenpost swimbad
(Advertinsje)
(Advertinsje)