Gemeente set iepenbiere húskes yn Prinsetún

16 jul 2020 - 12:59

Besikers fan de Prinsetún yn Ljouwert hoege tenei net mear te sykjen om in plakje om te pisjen. Fan freed ôf komme der trije iepenbiere húske-units yn it park te stean. De units binne fan moarns 10 oant jûns 10 oere iepen. Oer de dei hinne wurde se skjinmakke.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Neffens de gemeente is it oerdeis benammen by moai waar drok. Om alles feilich te hâlden oangeande it coronafirus, binne der no ekstra maatregels naam. Earder binne der al stekken om de Prinsetún set en binne de iepeningstiden beheind ta tusken 6.00 oere en 22.00 oere. En no komme der dus ek húskes yn it park.

(advertinsje)
(advertinsje)