Nije ûnderkommen basisskoallen Damwâld oplevere

Krekt foar de boufak is de Campus Damwâld, it nije ûnderkommen fan de iepenbiere en kristlike basisskoalle yn it doarp, oplevere. Yn it gebou komt ek in sporthal.
© Bouwgroep Dijkstra Draisma
Boubedriuw Dijkstra Draisma sette op 28 augustus 2019 útein mei de wurksumens en hat it gebou no, hast in jier letter, neffens planning oplevere. Rûnom de Campus wurdt noch wurke om it plein, it grien en de diken oan te lizzen.
Yn de fakânsje ferhûzje de skoallen harren ynterieur. Nei de simmer kinne de bern dan foar it earst harren lessen folgje yn it nagelnije gebou.