UWV: Ofname oantal WW-útkearings yn Fryslân

Yn juny naam yn Fryslân it oantal WW-útkearings ôf. Dat meldt it UWV. Ek ûnder jongerein rûn it oantal WW-útkearings werom. Yn de noardlike provinsjes is de ôfname it sterkst fan hiel Nederlân.
UWV: Ofname oantal WW-útkearings yn Fryslân
Ein juny telde Fryslân 11.406 WW-útkearings. Dat is 3,4 persint fan de Fryske beropsbefolking. It oantal WW-útkearings yn Fryslân naam yn juny mei 355 ôf yn ferliking mei de moanne derfoar. Ek yn maaie naam de WW ôf, nei in foarse taname yn maart en april. Dizze ôfname sette yn juny troch. Foaral by útstjoerbedriuwen (bouberoppen), de yndustry en yn ferfier & logistyk naam it oantal WW-útkearings ôf.

Jongerein

Benammen jongerein oant 27 jier ûntfongen faker in útkearing sûnt de útbraak fan it coronafirus. Yn juny nimt it oantal útkearings oan jongerein lykwols ôf. Dat komt trochdat jongerein faak wurket fia útstjoerbedriuwen en yn bouberoppen. Yn dy sektoaren is yn de simmer mear wurk.
Yn ferliking mei foarich jier leit it oantal WW-útkearings oan jongerein wol folle heger. Dêr docht de ympakt fan corona op de wurkgelegenheid foar jongerein út bliken, dy't in soad wurkje yn troffen sektoaren as hoareka en detailhannnel.
De taname fan de WW sûnt corona hat derfoar soarge dat it oantal útkearings no heger is as in jier tebek. Ein juny 2020 telde Fryslân 2.096 mear WW-útkearings as yn juny 2019, in taname fan 22,5 persint.
© UWV
Lanlik sjoen kaam it oantal WW-útkearings ein juny út op 300.597, sa'n trije persint fan de beropsbefolking. De ôfrûne moanne naam it oantal útkearings lanlik ôf mei 476.
Yn njoggen fan de tolve provinsjes giet it oantal útkearings omleech. De ôfname is it grutst yn de noardlike provinsjes, mei Drinte oan kop. In jier lyn telde Nederlân noch 242.662 WW-útkearings. Dat is mei 23,9 tanaam.

Regionale ferskillen

Yn juny wie de ûntwikkeling fan de WW yn it Noarden geunstiger as yn de rest fan it lân. Yn alle trije noardlike provinsjes naam it oantal útkearings ôf. Yn ferliking mei foarich jier wie oeral yn it Noarden in taname fan it oantal WW-útkearings te sjen.
© UWV

Lyts herstel

Marieke Schram wurket by it UWV en is arbeidsmarktdeskundige. "We zien dat het in vergelijking met vorig jaar niet zo heel goed gaat. Het aantal mensen met een WW-uitkering ligt zo'n vijfde hoger dan vorig jaar in Fryslân, dus dat laat wel duidelijk zien dat er een grote impact is van corona." seit Schram. Stadichoan sil it better gean mei de Fryske ekonomy, seit Marieke Schram, mar it binne wol benammen de jongeren oant 27 jier dy't klappen krigen ha fan de coronakrisis. Ek de eilannen krigen te meitsjen mei in grutte wurkleasheid, troch it fuortbliuwen fan toeristen.
Der is dochs ek in ljochtpuntsje. Schram: "We hebben in het noorden natuurlijk wel een heel grote zorgsector, waarin de werkgelegenheid heel stabiel is gebleven. En nu zie je in juni dat ook de bouw ook weer aantrekt via uitzendbedrijven, dat zorgt ervoor dat er nu een klein herstel is."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma by it UWV