Simmerblog: Simmer yn Langwar

16 jul 2020 - 16:00

Omrop Fryslân is hjoed de hiele dei yn Langwar. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

17:45
Ein fan dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Freed is Simmer yn Fryslân der wer, dan binne wy yn Wergea. Oant moarn!

17:30
Sosiëteit De Gezelligheid

Ferslachjouwer Miranda Werkman einiget har dei yn Sosiëteit De Gezelligheid. Oan de bar fan de Trije Swannen, yn de Sosiëteit , hat se dêr in petear mei Alef Spannenburg.

Want wat is dat no krekt, sa'n Sosiëteit ? "It hâldt yn dat wy hjir op freedtejûn komme, dan gean we hjir biljerten", laket Spannenburg. "It doel is om ûntspannen op freedtejûn it wykein te begjinnen."

En dat dogge se al jierren lang, dêr yn Langwar. De Sosiëteit waard al yn 1883 oprjochte. Mar: gjin froulju. Doe net en no net.

"It stiet sa yn it boek, en sa as it yn boek stiet, dat bart" seit Spannenburg oer de statuten. Nettsjinsteande dat fynt er Langwar in moai, iepen doarp. "Hjir wenje minsken fan alle soarten en maten."

De hearen fan de Sosiëteit - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Ferslachjouwer Miranda Werkman einiget yn Sociëteit De Gezelligheid

17:15
It Edwinhûs: op fakânsje mei in beheining

Net elkenien kin samar fakânsje fiere. Foar minsken mei in beheining binne der faaks in soad oanpassingen nedich. Dêrom hat Carla de Vries sa'n 25 jier lyn foar har soan Edwin in stichting opsetten: de Edwinstichting.

It Edwinhuis, dat no yn Langwar stiet, is in oanpast fakânsjehûs foar minsken dy't in bern hawwe mei in lichaamlike beheining.

Famylje De Wilde fiert op it stuit fakânsje yn it Edwinhuis. Se komme dêr mei harren dochter en soan. Heit De Wilde: "Er is meer dan genoeg ruimte, er is een aangepaste badkamer en slaapkamer. Dat zijn allemaal simpele dingen, die in een ander vakantiehuisje niet zijn."

Familie de Wilde fiert fakânsje yn it Edwinhuis - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Ferslachjouwer Miranda Werkman by it Edwinhuis

16:45
Woarst foar de winners fan de priisfraach

De swan yn it wapen fan Langwar hat in gesicht krigen. Pieter Anne Brinksma en harker Arie Veldstra út Snits wisten te fertellen dat de swan te krijen hat mei it iuwenâlde "Recht op Zwanendrift". Dat betsjut dat it doarp yn de midsiuwen it rjocht hie om swannen te hâlden yn in bepaald gebiet.

De winners fan de priisfraach hawwe in Langwarder woarst as priis krigen. En fansels komt dizze woarst út De Vrouwenslagerij, dêr't Miranda Werkman earder op de dei op besite wie.

Brinksma, ien fan de winners fan de priisfraach - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
16:15
De bysûndere hobby fan Peter Visser

Yn Langwar is Peter Visser ferneamd om syn Tatra's. By him thús hat er trije fan dizze antike auto's stean. "Wat hjir stiet is in Tatra 87, út 1948", seit Visser. "Dêr binne trije fan yn Nederlân. Twa dêrfan ride, de oare stiet yn it museum. It is in hiel bysûndere auto."

Dizze âlde dames moat er wol behannelje mei de nedige foarsichtichheid. "As ik hjir stilstean wol, moat ik by De Jouwer al begjinne mei remjen", laket er. Visser begûn mei dizze bysûndere hobby doe't er noch studint wie. Op syn reizen nei de lannen fan it Eastblok kaam er dizze Tatra's tsjin. Dat waard leafde op it earste gesicht.

De âlde Tatra's fan Peter Visser - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Harkje hjir nei it petear mei Peter Visser

15:45
Bartele Santema, 'de kaarteman'

It rûkt der hearlik nei âlde kaarten en boeken. Yn syn atelier 'Bartele's galery' lit Bartele inkelde fan syn kaarten sjen. Se binne fan iuwen lyn: fan de 16e oant de 19e iuw. "It binne âlde boeken, âlde printen."

Bartele's spesjaliteit is Nederlânsk-Ynje, mar hy komt sa'n oan en dan ek in kaart fan Fryslân tsjin. "Dan kin ik it net litte om se te keapjen", seit de 'kaarteman'

Bartele ferkeapet se op it ynternet. Se geane de hiele wrâld oer: soms sjocht Bartele sels ien fan syn kaarten werom op televyzje.

De kaarten fan Bartele - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Bartele oer de kaarten dy't er ferkeapet

15:32
Sylkamp yn Langwar

"We zijn hier op zeilkamp in Uitwellingerga ", seit in groepke famkes dat troch de strjitten rint. "Dan doe je allemaal leuke dingen." Se neame it op: disko, bingo, swimme en fansels it silen sels. Dreech is dat sa út en troch noch wol, mei al dy nammen dy't se mar ûnthâlde moatte. "De fok, in de wind, aan de wind, voor de wind...", seit ien fan harren. Mar in oar fan it groepke famkes fynt dat it wol meifalt. "Je moet vooral aan een touw trekken."

En wat fine de gibeljende famkes eins fan it doarp dêr't se no binne? No, Snits spruts se krekt wat mear oan. Mar in sylkamp kinne se eltsenien oanriede. "Het is superleuk."

Op sylkamp yn Langwar - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Miranda Werkman yn petear mei it groepke dat op sylkamp is

14:30
In nij rekreaasjepark by Langwar

'Fakânsjedoarp' Langwar bliuwt him ek ûntwikkeljen, It plan is dat der ynkoarten 200 rekreaasjehuzen oan it wetter komme. "We wolle dat der wer wat reuring yn it doarp komt", seit Bauke Jonkman. Neffens him lûkt it doarp net sa folle toeristen mear as eartiids. "Wy wolle it hjir tsjin it doarp oan hawwe. De lokale ûndernimmer moat him melde, dy kin dêr syn hannel dwaan."

Mar wurdt it park net te grut? Yn Langwar klinke ek tsjinlûden.

Sels tink Jonkman dochs dat it park nedich is. "In boer kin ek net mear fan 40 kij libje", seit er. "Freegje de ûndernimmers mar ris wat se der oan hawwe as der gjin toeristen mear komme."

Bauke Jonkman - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Bauke Jonkman oer de plannen fan it rekreaasjedoarp

13:00
Glasatelier Splinter en de Vosch

Middenyn Langwar stiet it ferneamde glêsatelier fan Splinter en De Vosch "Wij voeren veel opdrachten uit voor kunstenaars en architecten in glas", seit Steef, de eigener. Se dogge oan restauraasjes, meitsje nije wurken en wurkje mei oan monuminten.

Ek stiet it âld skoalgebou dêr't se no sitte hielendal fol mei apparaten om bygelyks te slypjen en te boaren. Steef: "We kunnen met emailles op glas schilderen, we kunnen insmelten. We hebben echt heel veel techniek in huis. Het plezier hiervan is dat je mensen tegenkomt uit binnen- en buiten Nederland, die allemaal kunstzinnig zijn."

Dêrom lit er yn it atelier ek it wurk fan oare keunstners sjen. Dat binne wurken fan glês, mar ek fan brûns, keramyk en stiel. "Het is de moeite waard", seit Steef, al soargje de coronamaatregels derfoar dat de minsken noch efkes wachtsje moatte om it te besykjen.

Glêsatelier Splinter en de Vosch - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

It glêsatelier fan Langwar

12:09
De Vrouwenslagerij

Yntusken stiet ferslachjouwer Miranda Werkman yn de Vrouwenslagerij by Iris. Nei it ferstjerren fan har heit kaam dizze slachterij yn hannen fan Iris Dol en har mem Anita. De âlde resepten fan har heit brûke se noch altiten. Iris hat se fûn yn syn âlde boeken. Sels doe't hy op stjerren lei, hat se mei him sprutsen oer de resepten dy't hy brûkte yn de âlde slachterij.

De namme De Vrouwenslagerij is besearre op it boek fan Ilja Gort. "'Jullie zijn ook echt wel een vrouwenslagerij", krige Iris en har mem faaks te hearren."

"Is het wel een vrouwenberoep?" Dy fraach kriget Iris ek gauris. "Jazeker", fynt sy sels. De klanten binne hiel posityf. "Het is soms nog wel lekkerder dan vroeger", sizze se dan. Dat fine der mear: yn 2019 waard de Vrouwenslagerij Regiokampioen fan Noard-Nederlân.

Anita en Iris Dol - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Miranda Werkman by de Vrouwenslagerij

(advertinsje)
(advertinsje)