Hypoteekoanfraach stik dreger troch coronakrisis

Minsken dy't in nije hypoteek ha moatte, ha mear problemen as earder om dy rûn te krijen. Troch de coronakrisis binne banken en oare hypoteekferstrekkers foarsichtiger wurden. De kritearia om de hypoteek ôfslute te kinnen, binne skerper wurden.
© Rjochtenfrij
De ôfrûne trije jier waarden de kritearia foar in hypoteek krekt wat minder strang. Mar nei de útbraak fan de coronakrisis ha banken mear en strangere kritearia opsteld. Dat jildt net foar alle banken, der is in soad ferskaat.
Sa binne der banken dy't gebrûk meitsje fan in ekstra frageformulier. Dêr moatte fragen op ynfolle wurde oer it bedriuw dêr't de huzekeaper by yn tsjinst is. Mei sa'n fragelist wol de bank de wissichheid ynbouwe dat de keaper in fêst ynkommen hâldt en net oer in healjier op strjitte stiet en dan de hypoteeklêsten net mear betelje kin.

Leanstripe minder lang jildich

By hast alle banken is de leanstripe dy't ynlevere wurde moat as bewiis fan in fêst ynkommen net mear trije moannen jildich, lykas earst, mar mar acht wiken. As dy acht wiken foarby binne en de hypoteek is noch net rûn, dan moat der wer in nije leanstripe ynlevere wurde. "Se wolle dat ekstra tsjekke troch resintere dokuminten te freegjen", leit Ires Hoekstra fan De Hypotheker op it Hearrenfean út.

Langere ferwurkingstermyn

Neffens har wie it foaral fuort nei it útbrekken fan de coronakrisis ellindich: "De ferwurkingstermyn duorre folle langer en dêrtroch moasten formulieren wer opnij ynfolle en yntsjinne wurde. Dat wie hiel ferfelend foar de klanten." It is neffens Hoekstra lykwols noch net foarkaam dat in hypoteekoanfraach hielendal net trochgie.
Minsken dy't in oerbrêgingshypoteek nedich ha omdat se al in nij hûs ha, mar har âlde hûs noch net kwyt binne, rinne ek tsjin problemen oan. Banken wolle bewiis dat de keapers noch wat kapitaal ha, foar as de âlde wenning net binnen in bepaalde termyn ferkocht wurdt.
Ires Hoekstra fan De Hypotheker op It Hearrenfean