Kollum: "Premier League"

"It wie in lyts nijsberjochtsje op sneontemoarn. By de NOS op de website sels, al wie it dan by de seksje 'NOS voetbal'. Fierder stie it hast nearne. Ik ha it oer dat der in Premier League-fuotballer anonym in brief skreaun hat oer dat hy homo is, en dat hy gjin inkelde mooglikheid sjocht om dêr foar út te kommen. Dat der sa'n bytsje oer publisearre is, fyn ik opmerklik omdat der genôch te dwaan west hast oer hoe't de KNVB en minsken as Johan Derksen en René van der Gijp oer homoseksualiteit en de fuotballerij prate.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Komt dy Jellema wer mei syn homopraatsjes. Okee, prima, mar googelje yn dat gefal even 'Polen' en 'LHBT-vrije zones'. En besjoch even de entûsjaste reaksje fan ien fan Nederlâns grutst peilde partijen Forum op de werferkiezing dizze wike fan de Poalske presidint. Yes?
De Premier League is de heechste fuotbalkompetysje yn Ingelân, mei klups as Arsenal, Chelsea en Manchester United; gjin 'kattenpis'. De brief is net mislik. Hy is homo, sa skriuwt er. En sels dat opskriuwe, is al in grutte stap. Allinnich syn famylje en in selekt klupke freonen witte dit. Hy wit it al sûnt syn njoggentjinde en hâldt it stil. Sa libje, kin in absolute nachtmerje wêze, skriuwt er, en it hat hieltyd mear ynfloed op syn geastlike sûnens. Hy soe sa graach in relaasje ha wolle. Mar it kin net, en dêrom mijt hy relaasjes. It fakbûn foar profesjonele fuotballers yn Ingelân seit dat it al kin, en dat se help biede wolle. Krekt as de KNVB, trouwens. Mar se snappe it net, seit de fuotballer, want as ik help ha wol dan kin ik dat oeral wol krije. En dan komt er by de kearn fan de brief.
'Wat sy dy't it spul draaiende hâlde, dwaan moatte, is it ûnderwizen fan fans, spilers, managers, aginten, klupeigeners en yn feite elkenien dy't by it spul belutsen is. As ik de stap meitsje soe [om út de kast te kommen], dan soe ik witte wolle dat ik stipe krij by elke stap fan dy reis. En op it stuit ha ik net it idee dat ik dy krije soe.'
Voetbalprimeur.nl, in grute fuotbalnijssite, hat der al oer skreaun. Noch gjin tweintich minuten neidat it publisearre wie, kaam der al in reaksje ûnder dy't de moderator wer fuorthelle hat. Ut 'e reaksjes dêrop, falt wol ôf te lieden dat it net al te homofreonlik wie, mei in "grapke" yn 'e line fan Van der Gijp en Derksen.
Dus, as we no even in stapke werom sette. Dit is in fuotballer by ien fan de rykste klups fan Ingelân, dy't sels seit dat er yn in grouwe bak rydt en it lije kin om te keapjen wat hy wol foar himsels, syn famylje en syn freonen; yn koart, ien yn in ûnôfhinklike posysje dêr't jo en ik allinnich mar fan dreame kinne. En sels dán is it net mooglik om as fuotballer te sizzen: 'ik bin homo'.
Wat seit dat oer dy tûzenen jonges en famkes yn de klups yn alle doarpkes fan Ingelân, en de rest fan 'e wrâld. Dy't it geskel te ferduorjen krije, fan manlju dy't fine dat as se eat sels net as in probleem sjogge, it ûnmooglik foar in oar al in probleem wêze kin. Alle froulju snappe dit ek, trouwens.
De fuotballer skriuwt dat er him oansluten hat by de Justin Fashanu Foundation, ferneamd nei in fuotballer dy't yn 1990 bekend makke dat hy homo wie. En acht jier letter himsels tekoart die. Om mar te sizzen: dit giet al earne oer. We binne rom tweintich jier fierder, en wat hat de fuotballerij krekt dien?
By de Drachtster Boys wapperet in reinbôgeflagge. Ik ha it der gauris oer, om't ik it sa'n krêftich sinjaal fyn. En mear as dat, stipen se yn Drachten fiif jier lyn harren spiler Bas, doe't dy lanlik yn it nijs kaam trochdat syn staazjebedriuw him net mear ha woe omdat hy homo is. Myn punt is: praat deroer. Hoe mear oft deroer praten wurdt, hoe minder jonges en famkes der omrinne mei in swier gemoed.
De fuotballer skriuwt dat er betiid mei pensjoen wol, om dêrnei út de kast te kommen. Krekt as syn kollega Thomas Beattie ôfrûne moanne dien hat. Dy moast ek oan syn pensjoen ta wachtsje, en dan witst genôch, skriuwt er. Yn Nederlân is fan gjin inkelde profesjonele fuotballer bekend dat hy homo is. De kastdoar kaam op in kier, mar is troch de Van der Gijpen en Derksens fan dizze wrâld, en elkenien dy't dêrom mei lake, wer muorreticht trape. De Drachtster Boys binne fierder as de Premier League."