Drachtster fytsbrêge De Slinger twa wiken ticht foar grutte ynspeksje

16 jul 2020 - 07:41

Fytsbrêge De Slinger yn Drachten is sûnt tiisdei twa wiken ticht foar in ynspeksje. Bromfytsers, fytsers en kuierders wurde omlaat. It autoferkear sil fan de ynspeksje hast gjin hinder ûnderfine.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"De brug is inmiddels alweer 14 jaar oud en krijgt nu eigenlijk een grote beurt. De brug wordt van top tot teen geïnspecteerd met een hoogwerker", leit Maureen Wiersma fan de gemeente Smellingerlân, dy't opdrachtjouwer fan de ynspeksje is, út. Dêrby wurdt kontrolearre hoe't it materiaal der no útsjocht yn ferliking mei 14 jier tebek.

De hingbrêge is makke mei saneamde tuikabels, dy't ek kontrolearre wurde. "We gaan er spanningsmeters aan hangen en per kabel testen hoe sterk de draagkracht nog is." Nei de ynspeksje wurdt sjoen hokker spesjalisten derby helle wurde moatte foar reparaasjes. Wiersma: "We denken dat het meevalt."

Maureen Wiersma fan de gemeente Smellingerlân oer de brêge

(Advertinsje)
(Advertinsje)