Waan dysels spion en ûntdek de Fryske stêden op in oare manier

No't we net samar nei it bûtenlân kinne om fakânsje te fieren, leare we ús eigen provinsje noch mear wurdearjen. Foar minsken dy't de gruttere Fryske plakken ris op in oare wize sjen wolle, hat in Amsterdamsk bedriuw wat betocht. De kommende wiken binne de sintra fan fjouwer Fryske plakken nammentlik it toaniel fan in ynteraktyf spul.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Mei 'Ontsleuteld' wurdst troch de hiele binnenstêd fan bygelyks Snits of Ljouwert stjoerd om opdrachten út te fieren. It is de bedoeling datst as spion oan de hân fan foto-oanwizings ferskate lokaasjes yn de sintra trasearrest. Fia de telefoan komme der opdrachten binnen. "Die opdrachten los je op en daar komt telkens een telefoonnummer uit", leit Christian Dol oer it spultsje út.

'Mysterieuze Opdrachtgever'

Dat nûmer kinst echt belje. Dol: "Dan krijg je een van onze spionnen aan de lijn en die heb je nodig om verder te komen in dat spel." Yn it spultsje kinst tsien ferskillende telefoannûmers by elkoar sykje. "Die vormen samen uiteindelijk één finalenummer. Als je via dat nummer contact weet te leggen met de 'Mysterieuze Opdrachtgever', dan heb je het spel gewonnen."
Oan de hân fan de ferskate lokaasjes yn it spultsje makkest in toer troch de stêd of it doarp en fielt it as bist dêr echt. It spultsje is yn Fryslân firtueel te spyljen yn Snits, Ljouwert, Drachten en It Hearrenfean.
It is in idee fan in bedriuw út Amsterdam, dat normaal foaral bedriuwsútstapkes organisearret. Fia de webside kinst dy oanmelde foar it spultsje. It is benammen foar bygelyks famyljes, freonegroepen of kollega's. It spultsje is coronaproof en duorret sa''n trije oeren.
Christian Dol oer it spultsje