Garnalefiskers sykje tongersdei dochs fierder nei fermist Dútske famke

16 jul 2020 - 06:53

Garnalefiskers binne tongersdeitemoarn dochs wer it wetter opgien om te sykjen nei it fermiste Dútske famke (14) yn de Noardsee boppe It Amelân. De plysje makke woansdeitemiddei bekend dat de ynstânsjes de syktocht nei it famke foarearst stopset ha.

Sûnt sneontejûn wurdt der op en om It Amelân socht nei in 14-jierrich Dútsk famke. Om 22.30 oere hinne waard der alarm slein nei't in man mei syn twa dochters yn it wetter yn de problemen rekke wie. De man en ien fan de famkes koe oan de wâl komme, mar it oare famke waard net mear sjoen. Sûnt dy tiid waard der yntinsyf nei har socht.

Dy sykaksje kaam woansdeitemiddei ta in ein. De plysje Noard-Nederlân melde dat de belutsen ynstânsjes net mear aktyf op see sykje sille nei it famke. De kustline wurdt noch wol yn de gaten holden.

De garnalefiskers ha lykwols besletten dochs troch te gean. Earder holpen se ek al by de syktocht. Op Marine Traffic is te sjen dat in tsiental kotters yn liny ten noardeasten fan It Amelân fart. Hoe lang oft se tongersdei fierdergean mei sykjen, is net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)