Mûlkapkes op de fearboat: 'Alle begryp, mar swier yrritant'

16 jul 2020 - 06:18

Mûlkapkes op de fearboat nei de Waadeilannen: alle begryp dat it moat, mar wol swier yrritant. Dat is oer it generaal de teneur by toeristen dy't fan en nei de eilannen reizgje. Benammen nei Flylân en Skylge ta sitte de minsken relatyf lang op de boat, faak wol twa oeren, en dan is it net noflik mei sa'n kapke op.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Net allinnich yn de boat, mar ek op it iepen dek en op it terrein fan Doeksen moat it kapke op. Neffens in meiwurker fan Doeksen gean de measte minsken hiel gemoedlik mei dat mûlkapke om: "Intussen zijn de mensen er wel aan gewend. In bus en trein moet het ook, dus vinden ze het normaal dat het hier bij ons op de boot ook moet".

Der binne minsken dy't it allinnich mar dogge omdat it moat. "Voor mij is het pragmatisch. Het doet niet zoveel. Het is een leugen, maar we geloven er allemaal in", seit in jonge frou dy't nei Flylân reizget.

'Pukkeloutbreak'

Sy hat trouwens noch in reden om net sa bliid te wêzen mei it ferplichte mûlkapke: "Ik heb ook al twee uren in de trein gezeten want ik kom uit Nijmegen. Nu nog eens twee uren op de boot met het kapje voor.... ik ben bang voor een pukkeloutbreak", sa seit se.

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de terminal yn Harns

(Advertinsje)
(Advertinsje)