ANWB ferwachtet freed drokte op Fryske diken troch fakânsjegongers

15 jul 2020 - 22:30

De ANWB ferwacht kommende freed in soad ferkear op de Fryske diken. De organisaasje tinkt dat trochdat de simmerfakânsje yn regio Midden freed begjint der in soad minsken út oare dielen fan it lân nei Fryslân komme sille.

File op de A6 - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De ANWB ferwachtet benammen drokte op de Ofslútdyk, mar ek oare diken yn Fryslân kinne neffens de ANWB drok wurde.

Troch de útbraak fan it coronafirus gean in hiel soad minder minsken nei it bûtenlân, tinkt in wurdfierder fan de ANWB. It duorret lykwols noch in pear wiken foardat de drokste fakânsjewykeinen komme. De ANWB tinkt dat it op sneon 1 augustus en sneon 8 augustus it drokst wêze sil mei fakânsjegongers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)