Auto oer de kop by Lekkum; twa minsken ferwûne

15 jul 2020 - 22:25

Op de Canterlanswei by Lekkum is woansdeitejûn by in iensidich ûngelok in auto oer de kop flein. De auto kaam úteinlik yn de greppel ta stilstân. By it ûngelok rekken twa minsken ferwûne.

De auto op 'e kop - Foto: De Vries Media

Twa ambulânsen kamen te plak om earste help te ferlienen. It is net noch net dúdlik oft der ferwûnen mei moasten nei it sikehûs.

De oarsaak fan it ûngelok is ek noch net bekend.

Trefwurden: 
ûngelok Lekkum Canterlanswei
(Advertinsje)
(Advertinsje)