Elbrich van Dokkum (25) wol mei vlogs taboe oer ûnfruchtberheid trochbrekke

15 jul 2020 - 21:42

In soad minsken ha der mei te krijen, mar der oer prate is net altyd maklik: ûnfruchtber wêze of dreech yn ferwachting reitsje. Elbrich en Bennie van Dokkum út Boalsert dogge harren best dit taboe te trochbrekken: se dogge der alles oan om yn ferwachting te reitsjen en lizze it proses fêst yn vlogs. "It is net wat om dy foar te skamjen", seit Elbrich.

Elbrich yn har vlog - Foto: screenshot YouTube

De no 25-jierrige Elbrich krige op har njoggende te krijen mei kanker yn har krúsbonke. Troch fjirtjin chemokueren en tritich bestrielingen rekke se ûnfruchtber. "Mar gelokkich hat der by my in dokter west dy't oan myn âlders frege hat om in aaistôk derút te heljen nei de earste chemokuer. Dy is ynferzen", seit Elbrich.

It weefsel is dit jier yntusken werompleatst wêrtroch se no dochs miskien noch yn ferwachting reitsje kin. "Dat is noch hiel spannend, mar as alles der goed útsjocht en alles goed oangroeit. Dan kinne wy hooplik dit jier noch begjinne mei IVF", seit Elbrich.

Vlogs

Mei har vlogs hopet Elbrich it taboe oer ûnfruchtberheid te trochbrekken. "Ik tink dat myn man en ik der altyd wol iepen yn west ha, mar wy fernimme dat as wy dat dogge oare minsken ek nei ús takomme. Sy wolle ek harren ferhaal kwyt. Op dy wize komme je mear te witten oer minsken, omdat sy ek sa iets ha fan wy wolle ek ús ferhaal diele", seit Elbrich.

"Ik fyn dat altyd wol hiel moai. Ik wit natuerlik ek net altyd wat ik sizze moat. Mar ik fernim sels wol dat ik it sels ek noflik fyn as ik myn ferhaal kwyt kin en as der gewoan ien lústeret", sa seit se.

Elbrich van Dokkum oer de vlogs

(Advertinsje)
(Advertinsje)