Plysje fynt fjouwer stellen bûtenboardmotors út Medemblik werom by Marsumer

15 jul 2020 - 20:53

De plysje hat fjouwer bûtenboardmotors dy't stellen waarden út in haven yn Medemblik weromfûn by in 48-jierrige man út Marsum. De plysje hat de man oanholden en de motoaren yn beslach naam.

Foto: Ben de Jager, Omrop Fryslân

De motoaren waarden yn de nacht fan freed 10 op sneon 11 july stellen út de haven fan it Regatta Centrum yn Medemblik. De boaten waarden sneon al wer weromfûn, mar de bûtenboardmotoaren wiene der al op lompe wize ôfhelle. Hjirtroch wiene de boaten bot skansearre.

De fertochte seit dat hy de motoaren net stellen, mar kocht hat. De plysje slút net út dat der noch oare oanhâldingen folgje yn dizze saak.

(advertinsje)
(advertinsje)