Fryske keunstner wol keunstwurk meitsje fan opfiske Ferrari yn Amsterdam

In protte minsken stiene te sjen doe't ferline wike in felreade Ferrari út it IJ by Amsterdam fiske waard. De auto waard 26 jier lyn as fermist opjûn. Der noch even in ritsje mei meitsje, slagget net mear, mar wat dan wol? De Fryske keunstner Feike Otto van der Zee hat wol in idee... "It idee is om de auto tentoan te stellen yn in soarte fan mausoleum", seit Van der Zee.
In keunstwurk fan Van der Zee oer de Ferrari © Feike Otto van der Zee
"Ik wenje al 26 jier yn Amsterdam. Ik kom der ek altyd lâns, wêr't de Ferrari fûn is. Nei't ik dêr wat stikjes fûn fan de Ferrari, dy't efterbleaun wiene, rekke ik ynspirearre. Doe ha ik in skilderij en in gedicht makke en doe tocht ik: dit is fierstente moai. Dit moat tentoansteld wurde, it leafst oan it IJ. It plak wêr't it 26 jier lein hat", seit Van der Zee, dy't oarspronklik út Balk komt.
De Fries om utens sjocht it al hielendal foar him. "It moat yn in betonnen sarkofaach mei glês fan boppen en fan de sydkanten. En dat minsken der mei trepkes om hinne rinne kinne. Dat soe ik de moaiste útfiering fine", seit hy.

Ferrari Mondial

Dêrfoar hat de keunstner de auto fansels wol nedich en dat is wol in dinkje, want Van der Zee wol der leaver net foar betelje. "Yn de keunst giet it om it gefoel. Ik hoop dat de Ferrari in bytsje út himsels nei my takomt", sa seit hy.
Van der Zee hat al mei de plysje belle, mar oant no ta is it him noch net slagge de auto yn hannen te krijen.
Feike Otto van der Zee oer syn plannen