Kyra wol de Waadeilannen omswimme: "Ik moet nog veel kilometers maken"

Se is 21 jier, komt út Den Helder en hat al in kear it Kanaal nei Ingelân oerswommen. De 42 kilometer die se yn 9,5 oeren. Mar no stiet se foar in gruttere útdaging. Se wol alle Waadeilannen omswimme. Se begjint ein augustus mei it swimmen om Skiermûntseach hinne. Dan folgje de oare eilannen. De langste tocht is dy om Skylge hinne. Dat is sa'n 80 kilometer.
Kyra swimt om de waadeilannen
Kyra traint op dit stuit alle dagen. Fan 'e wike wie se ek yn Harns om mei in groep seeswimmers mei te trainen. Fan Surch nei Harns, in stikje fan sân kilometer. Foar de measten in aardige ôfstân mar Kyra draait har hannen der net foar om.
Yn Harns moat se wol efkes wachtsje foardat de oaren oankomme. Se fertelt dêr dat se net seker wit oft it har slagget, mar der wol goeie hope op hat. De ûnderfining op it Kanaal hat har fertrouwen jûn dat se it oankin. Se docht it omdat se it in moaie útdaging fynt en de eilannen en it Waadgebiet bysûnder fynt.
© Simone Scheffer
Kyra swom de trainingstocht yn in gewoan badpak wylst alle oaren yn echte wetsuits swimme. Se hat it net gau kâld seit se, en it swimt lekkerder.
Maarten van der Weiden hat yntusken ek al wat fan him hearre litten. Fia in WhatsApp hat hy har sukses tawinske. Se hopet noch wat tips fan him te krijen en fynt it "bizar" wat hy prestearre hat.
Foarearst bestiet it libben fan Kyra benammen út wetter en der trochhinne ploegje. "Ik moet nog heel veel kilometers maken, ik lig alleen nog maar in het water straks", fertelt se laitsjend.