Farmers Defence Force kundiget nije aksjes oan: 'Wurkje 22 july thús'

Farmers Defence Force hat woansdei 22 july útroppen ta nije aksjedei. De aksjegroep ropt minsken op om út solidariteit mei de boeren in dei thús te wurkjen om mei te helpen de stikstofútstjit te ferminderjen. FDF hie minister Schouten earder dizze wike in ultimatum steld om de feefoermaatregel yn te lûken. De minister liet lykwols al direkt witte dêr gjin gehoar oan te jaan.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De boeren binne it net iens mei de maatregel fan minister Schouten om foer dat foar in protte stikstofútstjit soarget te ferbieden. De ôfrûne tiid giene boeren al geregeld de dyk op om te protestearjen tsjin de regel.
Hoe't de aksje der presys út sjen sil is noch net bekend. "Wy freegje minsken yn elts gefal om in dei thús te bliuwen. Wy roppe de boeren ek op om mei trekkers te kommen om aksje te fieren", leit Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force út. Sy tinkt dat boargers wol meiwurkje wol oan de oprop.
Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force oer de aksjedei