Boargemaster Buma slút opnij drugshûs dat rol spilet yn Vidar-saak

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat tiisdei opnij in drugspân sletten dat in rol spilet yn de Vidar-saak. It giet om in pân oan de Jongamasteate yn Ljouwert. It pân wurdt foar seis moannen sletten. Yn de Vidar-saak stean acht Friezen en in Fin foar de rjochter yn ferbân mei harren rol yn ynternasjonale drugshannel, wytwaskjen en it lid wêzen fan in kriminele organisaasje.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De wenning waard op 2 maart 2020 trochsocht troch de plysje. Dêrby waard 2,66 gram kokaïne, 4,43 gram MDMA en 0,28 gram amfetamine oantroffen. Neffens de plysje wie dat bedoeld foar de hannel.
Dêrneist binne der oare oan drugshannel relatearre saken fûn, lykas fersnijingsmiddels, ferpakkingsmateriaal en in presyzjeskeal.
It is de santjinde kear dit jier dat boargemaster Buma fan syn foech brûk makke hat om in drugswenning te sluten.