Weromrop: Sjoch achter de skermen fan it bedriuw SC Hearrenfean yn 1997

15 jul 2020 - 17:01

SC Hearrenfean bestiet 100 jier en dêrom sjogge we dizze wike werom mei in greep út de moaiste en nijsgjirrichste programma's, dy't op Weromrop te finen binne. Yn de jierren '90 groeit de Fryske fuotbalklup as koal. It nije stadion moat alwer útwreide wurde, nije fuotballers wurde út de hiele wrâld oanlutsen en der is in jeugdoplieding foar jong talint. Sponsoaren en ûndernimmers treffe inoar by de sakeklup, dy't hieltyd mear leden telt. En fansels binne der noch de supporters.

Omrop Fryslân stiet wiidweidich stil by it 100-jierrich jubileum fan SC Hearrenfean. Mei alle wiken in nije podcast online oer in ikoanyske wedstriid út it ferline, moaie programma's út it argyf fan Omrop Fryslân en fan moandei 13 july ôf sjogge we mei reportaazjes en artikelen in wike lang werom op bysûndere mominten út de histoarje fan de Fryske fuotbalklup. Alles is te finen op dizze spesjale jubileumside. Op Weromrop.frl binne noch folle mear âlde reportaazjes en programma's te finen oer SC Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)