Gjin sykaksje mear op see nei fermist famke by It Amelan

De sykaksje nei it fermiste 14-jierrich Dútske famke, dat sneontejûn fermist rekke yn de Noardsee by It Amelân, is woansdeitemiddei ta in ein kaam. De belutsen ynstânsjes sille net mear aktyf op see sykje nei it famke, hat de plysje Noard-Nederlân bekendmakke. De kustline wurdt noch wol yn de gaten holden.
Gjin sykaksje mear op see nei fermist famke by It Amelan
Sûnt sneontejûn wurdt der op en om It Amelân socht nei in 14-jierrich Dútsk famke. Om 22.30 oere hinne waard der alarm slein nei't in man mei syn twa dochters yn it wetter yn de problemen rekke wie. De man en ien fan de famkes koe oan de wâl komme, mar it oare famke waard net mear sjoen. Sûnt dy tiid waard der yntinsyf nei har socht.
"De ôfrûne dagen is der mei in hiel soad organisaasjes en partikulieren socht, mei helikopters, auto's, drones, sonars, boaten en neam it mar op. Op it strân, en op en ûnder it wetter. We ha der oant no ta alles oan dien en hoe ferskriklik ek, mar ús mooglikheden binne no op", seit wurdfierder Bert Sietzema fan de plysje.

'Ferskriklik'

It nijs om de sykaksje stop te setten is op It Amelân hurd oankaam. "It is ferskriklik. De minsken woene hiel graach dat it famke wer boppe wetter komme soe en dat se har oerdrage koene oan de âlders en it suske. It is traumatysk", sa seit Sietzema.
Wudfierder Bert Sietzema fan de plysje
In boat fan de KNRM op syk nei it fermiste famke © De Vries Media