Arriva makket ôfspraken oer lesroasters mei mbû- en hbû-skoallen

15 jul 2020 - 16:05

NHL Stenden Hogeschool, Van Hall Larenstein, it Nordwin College, ROC Friese Poort en it Friesland College hawwe mei ferfierder Arriva ôfspraken makke oer de lesroasters om it tal reisbewegingen fan studinten yn it iepenbier ferfier te sprieden. De roasters sille sa makke wurde dat studinten net allegearre tagelyk nei de lokaasjes hoege te kommen.

In bus fan Arriva - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Wij zijn al heel snel in gesprek gegaan met de mbo- en hbo-scholen in Friesland. Wij hebben de partijen bij elkaar gebracht. Het waren intensieve gesprekken waarbij onze vervoerkundigen een adviesfunctie hadden. Met een hele constructieve samenwerking als resultaat", seit Milfred Hart, regiodirekteur fan Noord Arriva Nederland.

Nei de simmerfakânsje moatte de measte studinten wer gewoan nei skoalle. Fanwegen it coronafirus is it de bedoeling dat minsken safolle mooglik op oardel meter ôfstân fan inoar bliuwe. Derom is no ôfsprutsen dat studinten net mear allegearre tagelyk binnen binne.

De nije roasters gean yn it nije skoaljier yn, dat úteinset op 24 augustus 2020.

Froukje Meirink fan NHL Stenden oer de ôfspraken mei Arriva

Trefwurden: 
Arriva mbû coronafirus hbû
(Advertinsje)
(Advertinsje)