Opfangorganisaasje Zienn set útein mei thústeam foar selsstannich wenjen

15 jul 2020 - 15:37

Zienn start in ThuisPlus-team yn Fryslân. ThuisPlus is der foar minsken dy't selsstannich wenjen (bliuwe) wolle en dêr help by nedich hawwe. Begelieders fan de opfangorganisaasje komme by harren thús del en stypje wêr nedich, sadat se thús wenjen bliuwe kinne.

Foto: Google Street View

Foar guon minsken is it dreech om goed foar harsels en har húshâlden te soargjen. Dat kin bygelyks komme troch psychiatryske problemen yn kombinaasje mei ferslaving. Mei ThuisPlus komme begelieders fan Zienn del om harren thús te ûnderstypjen.

ThuisPlus kin foarkomme dat minsken yn in ynstelling begelaat wurde moatte, mar it kin ek in ferfolchstap wêze nei in perioade fan libben yn in foarsjenning foar beskerme wenjen. De oergong nei selsstannigens yn in eigen hûs kin lestich wêze foar minsken mei mearfâldige problematyk. Om foar te kommen dat se weromfalle yn âlde gewoanten soe stipe op maat mei ThuisPlus in goede oplossing wêze.

Stipe foar mear minsken

Mei ThuisPlus kinne noch mear minsken yn Fryslân stipe krije, meldt Zienn. "Vanuit iedere locatie in Friesland neemt één HBO-geschoolde medewerker deel aan het team. Hiermee garanderen we een brede expertise en beschikbaarheid in grote delen van Fryslân", seit Nynke Plantinga, haad regio Fryslân.

As minsken weromfalle, kinne sy tydlik ferbliuwe yn besteande foarsjenningen fan Zienn. Se kinne ek dielnimme oan aktiviteiten. "Juist die combinatie biedt veel kansen om te werken aan (meer) zelfstandigheid en perspectief voor de toekomst", sa seit Plantinga.

(advertinsje)
(advertinsje)