Oanlisplak yn de Holle Grêft by Twellingea ticht fanwegen beareklau

15 jul 2020 - 15:15

It is drok mei toeristen yn de provinsje, mar krekt no meie se net oanlizze by De Holle Grêft yn Twellingea. Rekreaasjeskip Marrekrite hat it oanlisplak ôfsetten mei linten fanwegen de beareklau.

Beareklau - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Der binne safolle fan dizze gefaarlike planten dat it oanlizzen op de lokaasje net kin. Njonken ôfsettingen binne der ek warskôgingsbuorden delset.

De Marrekrite sil kommunisearje wannear't it wer mooglik is om oan te lizzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)