André Hanssen: "Als ik er aan denk, krijg ik weer kippenvel"

15 jul 2020 - 14:52

It waard wol it wûnder fan Hearrenfean neamd, de wedstriid op 14 desimber 2005 tsjin Levski Sofia. André Hanssen is de grutte man, hy skoart yn blessueretiid de winnende goal, wêrtroch Hearrenfean foar it earst oerwinteret. Hanssen skoart fierder noch in kear tsjin Ajax, mar brekt nea troch by Hearrenfean. Mar dy iene goal, dy sil hy nea ferjitte.

Ynternetrepo Andre Hanssen

It is de lêste wedstriid fan de pûlfaze fan de Europa League en de opjefte yn it foar wie dúdlik foar de ploech fan Gertjan Verbeek. Hearrenfean moat winne fan de Bulgaren, en dan noch ha se it net yn eigen hân. Want as Dinamo Boekarest yn Frankryk wint fan it al pleatste Olympique Marseille, dan binne de Roemenen wis fan de folgjende ronde. Lang like it derop dat Hearrenfean net winne soe.

André Hanssen: "Het was een hele mooie dag. Ik denk dat heel veel mensen mij daardoor nog herinneren. Als ik in Heerenveen ben, beginnen ze er allemaal over." Hy kin him dan ek noch in soad herinnerje fan dy dei. "Het was voor mij een jongensdroom. Ik had een moeilijke periode gehad na een lange blessure. En dan de winnende maken, is heel bijzonder."

Hanssen spilet net yn de basis, mar mei healweis de twadde helte deryn komme foar Paul Bosvelt. Levski Sofia makket yn de 53e minút de 0-1 en twa minuten letter makket Georgios Samaras de 1-1. Dan is it fier yn blessueretiid. "Ik weet dat Yildirim de bal in de zestienmetergebied bracht. Breuer tikte de bal terug naar mij en toen dacht ik: Oké, dit is mijn kans. Niet over het doel schieten, maar op het doel. Gelukkig ging de bal tussen een aantal benen door en in het doel. Dat gaf wel een beetje kippe....ehm....gevoel, hoe noem je dat? Kippevel, ja!" It stadion ûntploft. "Tien seconden later vielen 10 tot 15 mensen op me."

In reportaazje út it argyf oer de wedstriid tsjin Levski Sofia út 2005.

Goal André Hanssen tsjin Sofia en Ajax

Dêrnei moast Hearrenfean ek noch wachtsjen op de útslach fan Olympique Marseille-Dinamo Boekarest. Dinamo mocht net winne en it stie lyk. "Ik weet dat Dinamo in blessuretijd nog scoort. Een spelen schoot bijna vanaf de middenlijn de bal over Fabian Barthez, de keeper. En op het moment dat de bal onderweg is, fluit de scheidsrechter af."

André Hanssen op Facetime - Foto: Omrop Fryslân

Hanssen makket nea echt karriêre by Hearrenfean. Benammen troch blessueren. Hy fuotballet fiif jier by Hearrenfean. "Toch was het mijn mooiste periode. Het was een droom om in het buitenland te spelen." Dêrnei keart hy werom by Bodo Glimt. Dochs komt hy noch wolris yn Nederlân. "Ik ga elk jaar naar Nederland met vrienden. Vorig jaar was de tiende keer. Dan huren we een auto en rijden we rond. Meestal gaan we dan ook naar Heerenveen."

No wennet Hanssen yn Drammen, in heal oere ûnder Oslo. Hy wurket by in bank. "Ik werk momenteel vanaf huis. Al twee maanden. Door corona ook. Ik heb twee kinderen, twee jongens van acht en zes. En woon in Drammen, half uurtje van Oslo."

André Hanssen nei syn goals tsjin Levski Sofia - Foto: Omrop Fryslân

Yn de Hearrenfeanwike sjogge we elke dei werom op ûnderwerpen út it ferline fan sportklup Hearrenfean. Hearrenfean bestiet moandei 20 july 100 jier en Omrop Fryslân fiert dat mei ferskate reportaazjes. Elke moarn yn Fryslân fan 'e moarn sjocht ferslachjouwer Roelof de Vries werom op mominten út de skiednis, ha we fragminten fan de seis podcasts dy't Omrop Fryslan makke hat oer SC Hearrenfean en ha we in priisfraach. Jo as harker kinne dan it jubileumboek fan SC Hearrenfean winne.

Alles oer Hearrenfean en harren 100 jierrich bestean kinst weromfine op ús spesjale pagina oer Hearrenfean 100 jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)