Heger berop yn saak-Van Seggeren begjin novimber

15 jul 2020 - 14:49

It heger berop yn de saak fan de moard op Tjeerd van Seggeren fan Kollumersweach tsjinnet op 2, 3 en 4 novimber. Dat waard woansdeitemiddei dúdlik by in tariedende, pro-formasitting yn heger berop dat yn de saak oanspand is. Fertochte Jessica B., de widdo fan Van Seggeren, waard earder feroardiele ta tweintich jier selstraf.

By de tariedende sitting waard dúdlik dat de widdo noch ûndersocht wurde moast yn it Pieter Baan Centrum. Dat ûndersyk soe yn maart al plakhawwe, mar troch de corona-útbraak en it siik wurden fan har ûndersiker moast it útsteld wurde. Sa't it no liket wurdt se 12 augustus opnaam. Begjin septimber moat it ûndersyk dan klear wêze. It rapport moat dan maklik op tiid klear wêze foar de sitting yn begjin novimber.

It ûndersyk is fierder fierhinne klear. De ferdigening woe fiif tsjûgen nochris hearre. Dat is ûnderwylst dien. Foar't de saak troch it Hôf behannele wurdt, is der begjin oktober neffens protokol earst noch wer in pro-formazitting.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer de pro-formasitting

Foto: De Vries Media
(advertinsje)
(advertinsje)