Houtskeletbouwer De Mar krijt 2 miljoen foar ûntwikkeljen sirkulêre wenten

15 jul 2020 - 14:21

Houtskeletbouwer De Mar yn Grou hat fan Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN) foar de kommende trije jier 2 miljoen euro subsydzje takend krigen foar de ûntwikkeling fan in sirkulêr kasko. De ferwachting is dat de provinsje Fryslân dêr noch in oanfolling op jout.

Foto: Google Street View

Dêrtroch kin De Mar yn 2020 noch mei de produktûntwikkeling úteinsette. De houtskeletbouwer sil yn de kommende jierren dwaande mei it prefabrisearjen fan standert eleminten om in wente mei gear te stallen.

De gearwurking mei sirkulêr spesjalist Powered by Meaning stelt De Mar yn steat om de goede partijen, ynvestearders en ôfnimmers te binen om dêrnei de earder neamde eleminten yndustrialisearre te produsearjen.

De ynnovative stappen biede De Mar nije kânsen foar de takomst, mar se sille ek in triuw yn de goede rjochting wêze foar oplossen fan it wentetekoart yn Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)