Promininte Fryske CDA'ers ferdield, mar optein mei nije listlûker Hugo de Jonge

15 jul 2020 - 12:53

Hugo de Jonge is de nije listlûker fan it CDA. Hy sil de karre lûke foar de Twadde Keamerferkiezings fan 2021. Dat is woansdeitemiddei bekend wurden nei in spannende ynterne striid. It gie eintsjebeslút noch tusken him en Pieter Omtzigt. De útslach wie kilekile: 50,7 prosint fan de stimmen gie nei De Jonge. Promininte Fryske CDA-leden binne optein mei harren nije listlûker, al hienen guon leaver Omtzigt as harren nije lieder hân.

Hugo de Jonge yn diskusje mei Pieter Omtzigt (rêch) - Foto: ANP

By de foarige ferkiezingsronde, dêr't ek steatssekretaris Mona Keijzer fan Ekonomyske Saken noch gading meitsje woe nei it listlûkerskip, waarden de stimmen fan de CDA-leden sa ferdield: 48,7 prosint foar Hugo de Jonge, 39,7 prosint foar Pieter Omtzigt en 11,6 prosint foar Mona Keijzer. Foar de twadde ferkiezingsronde koenen CDA-leden oant tiisdeitemiddei 12 oere harren stim útbringe. It wie tige spannend hoe't de eardere stimmen foar Keijzer no ferdield wurde soenen ûnder De Jonge en Omtzigt. De Jonge wie lange tiid de grutte favoryt by de partij, mar Omtzigt makke yn in pear wiken tiid in behoarlike yndruk by de CDA-efterban. Benammen yn syn krityske útlittings oer misstannen by de Belestingtsjinst.

By CDA-leden yn Fryslân wurdt ferskillend tocht oer harren nije listlûker. Deputearre Sietske Poepjes en ek steatelid Rendert Algra wûnen der gjin doekjes om dat harren foarkar útgie nei Pieter Omtzigt. Dat it no dochs Hugo de Jonge wurden is, docht in bytsje sear. "Ik fyn it spitich", seit Algra. "Ik tink dat wy mei Hugo de Jonge in prima kandidaat ha. mar ik tink dat we mei Pieter Omtzigt better saken dwaan kinne om fan it CDA wer in grutte partij te meitsjen."

CDA wer as folkspartij

Poepjes is ek fan miening dat De Jonge in goede listlûker is, dochs hie se mear fidúsje hân yn Omtzigt. "De fraach is oft De Jonge fan it CDA wer de folkspartij meitsje kin. Omtzigt hat dat echt yn him, mar ik tink dat De Jonge it wol kin. It CDA moat goed sjen nei de gewoane Fries en de gewoane Nederlanner. Omtzigt is in folhâlder, dat hat er sjen litte by de misstannen op Malta en by de taslagge-affêre by de Belestingtsjinst."

Neffens Algra is dy folkske ynslach just de sterke kant fan Omtzigt. "De Jonge is mear de bestjoerder. Hy wie fansels al trije jier de kandidaat fan it bestjoer, mar dat aksint fan Omtzigt is krekt sa belangryk. Der moat no in behoarlik stik ynhâld fan Pieter rjochting Hugo om fan it CDA wer in folkspartij te meitsjen."

Pieter Omtzigt - Foto: ANP

Theo Joosten, de Fryske CDA-foarsitter, en wethâlder Friso Douwstra fan de gemeente Ljouwert hienen beiden in foarkar foar De Jonge. "Neffens my binne wy allegear winner. Wy hawwe mei it hiele lân sjoen nei hoe't it komme soe. As je dan nei de útslach sjogge: 50,7, dat is dochs eins fifty fifty. Hugo hat dat wûn en dêr bin ik bliid mei", seit Douwstra. "We hebben nu een duidelijke lijsttrekker en daar gaan we het mee doen", follet Joosten oan.

Ferdieldheid binnen CDA

It feit dat de achterban him sa ferdield útlitten hat oer De Jonge en Omtzigt hoecht neffens Joosten net te betsjutten dat der skuorren yn de partij komme. "Als de CDA-leden zich net zo fatsoenlijk opstellen als deze twee heren, dan komt het wel goed."

Eltsenien hopet dat Pieter Omtzigt net ferdwynt by de partij. "Omtzigt is ek gjin 'new kid on the block'", fynt Douwstra. "Hy giet ek al minimaal 18 jier mei en ik hoopje ek echt dat hy bliuwt. Just foar dat aspekt fan in brede folkspartij hawwe wy Omtzigt nedich." Joosten tinkt net dat Omtzigt ferdwine sil op de list by de CDA. "Dat lijkt me heel sterk. We moeten de lijst natuurlijk nog afwachten, maar ik kan me niet voorstellen dat Omtzigt onderaan de lijst zal komen te staan."

CDA'ers Sietske Poepjes, Rendert Algra, Theo Joosten en Friso Douwstra oer de ferkiezingsútslach

(Advertinsje)
(Advertinsje)