Nije griene ynvaazje yn Ljouwert: de dielscooter

120 opfallende griene scooters ride fan woansdei ôf troch de strjitten fan Ljouwert. It giet om scooters fan it projekt Go Sharing. Dat is in platfoarm dêr't je oan de hân fan in app in elektryske scooter mei hiere kinne. As je te plak binne, sette je 'm fuort en kin in oar de scooter wer brûke.
Nije griene ynvaazje yn Ljouwert de dielscooter
David Heidbuurt is servicemonteur foar it bedriuw. Hy tinkt dat dit systeem de takomst hat: "As je bygelyks yn Goutum wenje en je wolle eefkes om iten, dan pakke je sa'n scooter. It is in stik goedkeaper as wannear'tst mei de auto giest en dan parkearjild betelje moast."
Je hiere de scooter de minút, dat kostet sa'n 20 oant 30 sint. De measte ritten dy't de klanten meitsje, binne ridlik koart. "Do kinst der de wrâld ek net mei út. Je kinne sa'n 100 kilometer ride", seit Heidbuurt.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Doe't de scooters yn de stêd Grins útsutele waarden, wiene se al fuort foar't de earste lading op strjitte stie. Yn Ljouwert rint it wat minder hurd. Hjir duorre it fiif minuten foar't de earste hierd waard. It gie om in Dútser dy't op in sollisitaasjepetear moast.
Hy is der bliid mei: "Ze hadden gezegd dat dit hier niet bestond, maar ik loop naar buiten en zie er eentje staan. Echt heel erg handig." Yn Dútske stêden is sa'n systeem frij gewoan: "Er is altijd wel iets beschikbaar. En het is groen, milieuvriendelijk."
Dat is ek de oanlûkingskrêft, tinkt Heidbuurt: "Alles moat griener wurde en dêr past sa'n elektryske scooter perfekt by. Wy kinne hiel goed sjen hoe farsk oft de akku's binne. As se leech binne dan ferfange we dy."