Dregteam siket woansdei nei fermist Dútsk famke (14)

15 jul 2020 - 11:55

De syktocht nei it Dútske famke (14) dat sûnt sneontejûn fermist wurdt yn de Noardsee boppe It Amelân giet woansdei fierder. Op basis fan it plak dêr't it famke it wetter yn gie, is in sykgebiet yn kaart brocht.

Foto: Politie

It folsleine sykgebiet en de omjouwing dêrfan is mei troch de marine trochsocht mei sonarapparatuer. In part fan dit sykgebiet, noardlik fan Buren, koe net troch de marine trochsocht wurde en wurdt woansdeitemiddei trochsocht troch it dregteam SOAD, mei help fan it Landelijk Team Onderwaterzoekingen. Dêrneist bliuwt der ferskerpe tafersjoch rûn de kustlinen.

Sûnt sneontejûn wurdt der op en om It Amelân socht nei in 14-jierrich Dútsk famke. Om 22.30 oere hinne waard der alarm slein nei't in man mei syn twa dochters yn it wetter yn de problemen rekke wie. De man en ien fan de famkes koe oan de wâl komme, mar it oare famke waard net mear sjoen. Sûnt dy tiid wurdt der yntinsyf nei har socht.

(advertinsje)
(advertinsje)