Slachterij Frisia yn Haulerwyk slút op 1 oktober har doarren

15 jul 2020 - 11:33

Plomfeeslachter Frisia yn Haulerwyk giet mei yngong fan 1 oktober dit jier ticht. Dêr hat de direksje fan CFG Poultry it personiel tiisdei oer ynformearre. Dat skriuwt Veldpost. Oanlieding is de sterk fermindere finansjele situaasje fan Frisia yn de ôfrûne moannen as gefolch fan de coronakrisis.

Foto: Shutterstock

De ôfrûne moannen is Frisia yn de coronakrisis konfrontearre mei it fuortfallen fan de fraach yn de foodservice en wholesale-merk, wêrtroch't de plomfeemerk, sawol nasjonaal as ynternasjonaal, sterk ûnder druk is kommen te stean.

Dit late ta in sterk fermindere finansjele situaasje fan de ûndernimming yn de ôfrûne moannen. Dêrtroch waard it, mei sjoen de ferliezen yn de foargeande jierren, net langer mooglik om it selsstannich fuortbestean fan Frisia te garandearjen.

Oername

CFG Poultry hie Frisia Food noch net sa lang lyn oernaam. Yn oktober 2019 makken beide partijen bekend yntinsyf gearwurkje te wollen. Cuparius Capital B.V., de eigener fan CFG Poultry, hat op 1 jannewaris 2019 alle oandielen fan de slachter yn Haulerwyk oernaam.

De ûndernimmingsried en de fakbûnen binne ynformearre oer de foarname sluting. De direksje sil yn oerlis mei de fakbûnen oer in sosjaal plan foar it personiel.

Kontrakten oer de levering fan piken wurde respektearre en kinne nei sluting fan de fêstiging yn Haulerwyk yn goed ûnderling oerlis fuortset wurde by Plukon, nei goedkarring fan de meitingingsautoriteiten en posityf advys fan de oangeande ûndernimmingsrieden.

(advertinsje)
(advertinsje)