Snitswike fan de baan, mar simmermerke giet wol troch

15 jul 2020 - 10:48

Snits moat it dit jier sûnder de Snitswike dwaan, mar de tradisjonele merke op it Martiniplein yn it sintrum fan de stêd giet wol troch. Dat meldt de gemeente Súdwest-Fryslân. De 'simmermerke' is fan freed 31 july oant en mei tongersdei 6 augustus.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Boargemaster Jannewietske de Vries is optein dat it slagge is om mei de merke-eksploitanten passende ôfspraken te meitsjen: "Fanselssprekkend is it oars as oare jierren, mei de rjochtlinen fan it RIVM as paadwizer."

Feiligens stiet dêrby neffens de boargemaster foarop en dêrom is it wichtich dat yn de gaten hâlden wurdt oft it net te drok wurdt. "Mar foar de hoareka, de middenstân, de ynwenners en ús gasten bin ik bliid dat der ek dizze simmer ferdivedaasje is yn de stêd."

Maatregels útwurkje

Direkteur Jan Boots fan de Nederlandse Kermisbond (NKB) is "ontzettend blij" dat Snits it ljocht op grien setten hat. "Als NKB hebben we steeds gezegd dat er veel kan, zoals nu op het Martiniplein, mits er passende maatregelen worden genomen."

Hoe't dizze maatregels yn de praktyk útpakke, wurdt no fierder útwurke. Boots: "Het wordt net zo mooi als in 2019, en die kermis was in onze ogen de mooiste sinds jaren." De NKB-direkteur giet út fan sa'n tritich attraksjes op it merketerrein.

Boargemaster Jannewietske de Vries oer de simmermerke

(advertinsje)
(advertinsje)