Liveblog | 15 july 2020

Simmerblog: Simmer yn Eastermar

It is simmer yn Fryslân! Dizze simmer meitsje de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân in acht wiken lange toer troch ús provinsje.
Lêst bywurke: 15 july 2020, 17:43
17:32

Simmer yn Eastermar

Simmerblog: Simmer yn Eastermar
17:30

Ein fan dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Tongersdei is Simmer yn Fryslân der wer, dan binne wy yn Langwar. Oant moarn!
17:20

Wâldstruners Johan en Bodine: troch corona net op reis, mar yn beppe's wâldhûske

Johan en Bodine fan Eastermar soenen dizze simmer nei Mongolië ôfreizigje, mar corona smiet alle plannen om. Lyk as in hiel soad minsken yn de wrâld moasten de ferwachtings en plannen bysteld wurde. "Tsjah, hiel sneu is wol in hiel grut wurd", seit Bodine. "Wy hienen ús wurk en hûs opsein en soenen fuort." Troch corona kochten se it wâldhûske fan Johan's beppe. "En dat hat ús ek wol wer nije kânsen bean." Johan en Bodine fielden har ûnrêstich foarich jier. "We kamen der net út wat we woenen. We smieten alles oan kant." In reis nei India joech rêst, en sa kaam ek it projekt Wâldstruners op gong. "We hawwe noch gjin plannen om wer fuort. Earst beppe's hûske mar ris ferbouwe en wa wit gean we yn de takomst dan wol wer in pear wiken of moannen fuort, mar grif gjin jierren."
Johan en Bodine yn it hûs fan beppe © Omrop Fryslân, Afke Boven
Ferslachjouwer Miranda Werkman praat mei Bodine
16:20

Skûtsjeskipper Geale Tadema fan Eastermar: "Sûnens giet foar"

It is in rare tiid foar de skûtsjesilers, ek foar dy fan Eastermar, dy't yn 2018 noch winner waard fan de IFKS.Troch de coronacrisis mei de bemanning net oan board om te silen. It skûtsje fan Eastermar leit yn de jachthaven fan it doarp. "Der binne op dit stuit belangrikere saken as skûtsjesilen, dus dan kinne je it ek wol relativearje", seit skipper Geale Tadema fan Eastermar. "Wy sile boppedat hiel graach foar minsken, en dat wurdt him dit jier ek net." Traine waard him de lêste moannen net en ek finansjeel hie Geale it sels dreech. As ûndernimmer yn de metaalindustry seach er de lêste moannen syn omset ferdampen. Hy betocht lykwols in handige ûntsmettingspeal en dat waard ferrassend in grut sukses.
Geale Tadema © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Skûtsjeskipper Geale Tadema
It skûtsje fan Eastermar © IFKS Skûtsjesilen
15:10

Eastermar nei de Postcodeloterij: "Alles is hjir gewoan bleaun"

Sjouke Wijnsma ferfollet in hiel soad funksjes yn it doarp. Moarns is er de man van it VVV, jit er kofje yn en soarget hy der foar dat nimmen mei in leech liif op 'e fyts stapt. De rest fan de dei stiet er yn de winkel 'Alles ûnder ien dak', dy't in hiel soad ferskillende funksjes hat. "Ik mei graach mei minsken omgean, dat makket myn wurk sa moai", fertelt Wijnsma mei glunderjende eagen. "Goed 200 minsken komme hjir op in dei. Soms helje wy samar 250 oant 300 minsken en dat is in soad foar sa'n winkeltsje." Fansels is Eastermar ek bekend fan it winnen fan de Postcodeloterij yn jannewaris 2018. "Der is hjir neat feroare Minsken dy't wûn hawwe, hawwe ek dield mei minksen dy't neat hienen. Wy binne net neist ús skuon rinnen gien. Der binne wol nije saken oanskaft, mar we binne eins hiel gewoan bleaun."
Sjouke Wijnsma © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Sjouke Wijnsma fan 'Alles ûnder ien dak'
Samar wat gesellichheid yn Eastermar © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
14:00

Lokaal Loket, foar at je help nedich hawwe

It Lokaal Loket yn Eastermar bestiet no seis jier. It is bedoeld as sintraal punt dêr't minsken oanklopje kinne at se help nedich hawwe. Tjitske Zeilstra fertelt dat it Lokaal Loket noch altyd bestiet. Minsken dy't in kearke nei it sikehûs moatte of help nedich hawwe by de boadskippen, kinne holpen wurde troch frijwilligers út it doarp.
Tjitske Zeilstra © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Tjitske Zeilstra fan Lokaal Loket