Kollum: "Identiteit"

"Sneon lei, lykas alle dagen, de Leeuwarder Courant, op de doarmatte. It wie njoggen oere doe't ik sitten gie te lêzen. Fan dat stuit ôf, oant no ta, ha ik fan it hynder west. De frou fûn my sels wat lulkich, sei se. Ja dat is it eins ek: lulk.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Want de Leeuwarder Courant is yn seis sneonsedysjes op syk nei in omskriuwing fan Fryske identiteit. Se binne sneon begûn mei in stik fan de eigen redaktrise Kirsten van Santen. Want dy hat, skriuwt de einredakteur Roel Snijder fan de sneonsbylage grutsk, antropology studearre. En as je antropolooch binne én net út Fryslân komme, dan ha je pas ynsicht yn de Fryske identiteit.
Lokkich leit Kirsten dy domme Friezen earst efkes út wat in antropolooch allegear witte kinne soe, en skriuwt dan dat sy, antropolooch, lykwols gjin anderts hat. It is in alderheislikst dizenich ferhaal, dêr't Kristen har trije siden lang yn ôffreget wêrom't se har net Frysk fielt, wylst se hjir dochs al goed tweintich jier wennet. Wylst wy dat hielendal net fan har freegje.
No hat se fansels wol ien grut neidiel, se wurket by de Leeuwarder Courant. En wêr't sy skriuwt dat de LC fansels in tige grutte ynfloed hat op de identiteit fan de Fryske lêzer, skriuwt dyselde LC sneon dat as der wat rike minsken út in Frysk doarp weigean, de leefberens fan dat doarp efterút giet. Wy domme Friezen hingje dus ôf fan in pear rike skevels. Soks meie je net iens skriuwe sûnder ek ris oan 415 oare doarpen te freegjen oft it dêr ek sa giet. En dy sjogge je by sa'n fraach oan as doge je net.
Kirsten is begrutlik. Se freget harsels serieus ôf oft se nei it keatsen en skûtsjesilen gean moat om har echt Frysk te fielen. Hoe't de LC dit betinke kin. Ik sit echt oer de kommende fiif ôfleveringen yn. Miskien moatte we harren wat helpe. Troch te sizzen dat se dy oare stikken better net skriuwe kinne, want Fryske identiteit bestiet hielendal net.
Ja, we hawwe in eigen taal, mar as Kirsten en al dy oaren dy net prate wolle of kinne, ynteressearret it ús gjin bal. Inkeld in pear djip-Friezen klappe hieltyd as Brok netsjes Fryske wurden sprekt. Mar echt, we ha inkeld mar in lyts stikje eigen kultuer, om't dat dan yn dy eigen taal giet. Mear echt net. Elk kin hjir yn Fryslân him- of harsels wêze. En je wolle hielendal net op buorman lykje. Ik kin net oardiele oft immen Frysk, Siuw of Grinslanner is. En lul net dat it lânskip fan ynfloed is op de identiteit, elk lân hat syn eigen lânskip. Punt.
Yn 1999, op wei nei Simmer 2000, dêr't Fryslân graach safolle mooglik eigens yn sjen en hearre litte woe, hiene we ek dy diskusje oer de Fryske identiteit. It is wol aardich myn ferhaaltsje fan doe nochris te fertellen.
'Stel, Foppe de Haan fertelt my dat hy syn keutels yn pompeblêdfoarm skite kin. Dat wurdt dan in tuskenfraach fan my yn in fuotbalynterview. In korrespondint makket dêr in berjochtsje fan. Dat wurdt in kaderke op de foarside fan alle kranten en dus kin de LC net efterbliuwe. Foardat we it witte, hawwe we in wedstriid yn it pompeblêdloarteskiten by de alve stêden lâns. En dan freegje se my dêr ferslach fan te dwaan. Dat wegerje ik.
Witte jim wat dizze diskusje opsmyt? Dat we aanst wegerje dat ek mar ien oan ús kultuer en eigenaardichheden komt. En as se no Mak of Sonnema hjitte, se komme de Ofslútdyk net mear oer, al moatte we de hillige Warnzer stien ek op de brêge fan Koarnwertersân kwakke. En as we dan wer ûnder ús binne, dogge we allinnich de dingen dy't we sels aardich fine. Dan sil blike dat we net fierder komme as Anneke Douma en de Blauhúster Dakkapel.'
Dat wie 1999. It is no 2020. It byld wurdt noch lyksa ferkeard makke. Leave Kirsten, ik bin net lulk op dy. Do meist alles sizze en skriuwe. Mar de Leeuwarder Courant mei dat net profilearje as de wiisheid oer ús identiteit. Want ik sis it noch mar ris, dy Fryske identiteit bestiet net iens."