Langer bussen tusken Ljouwert en Bûtenpost yn stee fan treinen

15 jul 2020 - 08:32

De opkear op it spoar tusken Ljouwert en Bûtenpost duorret langer as ferwachte. By de plande wurksumens oan it trajekt is nei foaren kaam dat de ûndergrûn ferbettere wurde moat. Dêrom ride der ek fan tongersdei 16 oant en mei snein 19 july gjin treinen. Arriva set snel- en stopbussen yn.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

De fersakking wurdt feroarsake troch in soad rein de ôfrûne tiid nei in perioade fan drûchte. As treinen mei hege snelheid oer it spoar ride, moat dat der strak by lizze, neffens ProRail. Dat betsjut dat de ûndergrûn op ferskate lokaasjes ferstevige wurdt.

"Er wordt een kalkmengsel aan de bodem toegevoegd dat ervoor zorgt dat de bodem zich beter aan elkaar bindt. Daarna gaat er een wals overheen. Als dat is gedaan, ligt de ondergrond er weer helemaal strak bij", leit ProRail-wurdfierder René Vegter út. De oanpassings binne neffens him takomstbestindich.

Reizgers moatte rekken hâlde mei maksimaal 30 minuten ekstra reistiid. Fytsen kinne net meinaam wurde yn de bussen.

René Vegter, wurdfierder fan ProRail

(Advertinsje)
(Advertinsje)