Nijbou ôfbaarnde Lichtpunt yn Kollumersweach set nei 2,5 jier útein

15 jul 2020 - 07:51

Nei in trajekt fan hast 2,5 jier giet woansdei de earste peal de grûn yn foar de nijbou fan opfangsintrum Het Lichtpunt yn Kollumersweach. Yn desimber 2017 baarnde de wenfoarm foar in part út. Wat it bestjoer fan Stichting Lichtpunt oanbelanget, hie de ferbouwing folle earder úteinsetten, mar it proses naam mear tiid yn beslach as antisipearre.

Foto: Adema Architecten

"It hat fiersten te lang duorre nei ús idee", fertelt Feike Kooistra, koördinator fan Het Lichtpunt. De ôfhanneling mei de fersekering koste in soad tiid en dêrnei folge it proses mei de gemeente en de wolstânskommisje. Doe't de fergunning nei 1,5 jier ferliend waard, die bliken dat in soad buertbewenners beswierskriften yntsjinne hiene.

Earste peal troch âld-bewenner

Yntusken binne alle problemen oplost en kin de earste peal de grûn yn. Dat bart woansdei 15 july om 11.00 oere. De earste peal sit pleatst wurde troch Jan Visser, âld-bewenner fan de Lichtpuntbuorkerij. Doe't de buorkerij yn april 1998 yn gebrûk naam waard, wie Visser de earste bewenner. Hy is ek frijwilliger by de Stichting Lichtpuntloods, dy't ûnder itselde bestjoer falt.

Yn de 14 opfangplakken dy't ûnskeind bleaune nei de brân waarden de ôfrûne jierren noch altyd minsken opfongen. Kooistra: "It giet om minsken mei problemen, dy't op dat stuit gjin dak boppe harren holle hawwe."

Stichting Lichtpunt krijt aanst de beskikking oer twa wengebouwen mei yn totaal 20 apparteminten. Alle apparteminten binne folslein selsfoarsjennend. De apparteminten kinne ek brûkt wurde foar 'beskermd wenjen'. Stichting Opvang en Ontmoeting Lichtpunt, dy't in eigen bestjoer hat, sil de gebouwe eksploitearje.

Dochs duorret it noch wol efkes foar't de earste bewenners deryn kinne. "Dan binne wy miskien wol oardel jier fierder", leit Kooistra út. "Dêrmei hat it proses aanst in lytse fjouwer jier duorre."

Yn totaal ferget dizze nijbou in ynvestearring fan mear as 2,5 miljoen euro, dêr't de brânfersekering it grutste prat fan betellet. Ek Stichting Lichtpuntloods docht in bydrage en foar de rest wurdt jild liend by de SKG, de bank fan de Protestantse Kerk Nederland.

Feike Kooistra fan Het Lichtpunt yn Kollumersweach

(advertinsje)
(advertinsje)