Restaurant De Pleats yn Burgum nettsjinsteande corona flink ferboud

Hoewol't in protte hoarekasaken it op it stuit dreech hawwe en oan ynvestearjen net iens doare te tinken, hawwe it ûndernimmerspear Duursma en de gemeente Tytsjerksteradiel inkelde tonnen stutsen yn de ferbou en fernijing fan restaurant De Pleats yn Burgum. Mei de grutte ynvestearring tinke se klear te wezen foar de takomst.
De Pleats yn Burgum © Wikimedia Commons
De ferbou soe earst yn de simmer barre, mar direkteur en eigener Geesje Duursma en har man Eelke besleaten dy, ûnder it motto 'ook dit gaat voorbij', nei foaren te heljen: "Eelke en ik giene derfan út dat wy noch wol tsien jier foarút kinne, dus dan moasten we no mar trochsette." Dêrneist wie it restaurant ticht en soe in ferbouwing no foar minder oerlêst soargje.

Keuken trije kear sa grut

Yn de 23 jier dat Geesje en har man Eelke de saak hiene, wie de keuken nea echt fernijd. Der waard flink ynvestearre yn renovaasje en útwreiding, wêrby't ek de yndieling ferbettere waard. De keuken is mei 150 kante meter trije kear sa grut as dy wie. Geesje: "Der binne in kâlde keuken en in ôfwaskstrjitte boud en ús waarme keuken is hielendal fernijd. En we hawwe sa folle mooglik it gas derút helle." Der wurdt no itensean op ynduksje en griene stroom."
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
In grut part fan it wurk lei troch corona stil. De Pleats wurket it hiele jier troch en is net allinnich in restaurant, mar docht ek catering foar bygelyks brulloften, feesten en oare gearkomsten. As der aanst wer wat mear mooglik is, hopet Geesje wer flink oan de slach te kinnen. "We kinne no kwa kapasiteit folle mear oan. En us personiel kin no kreas op oardel meter wurkje."

Troffelflier

Bysûnder is dat de keuken in spesjale stroefe troffelflier hat, dy't lûddôvjend is. Sêfte ledferljochting foarkomt dat keukenpersoniel lêst krijt fan flikkeringen. Dat wurket benammen foar meiwurkers mei autisme better.
Yntusken is De Pleats alwer inkelde wiken iepen. It terras hat troch in útwreiding like folle sitplakken as earder. De menukaart is lytser, sadat der minder foarried nedich is en it fergriemen fan iten ôfnimt. In soad oanpassings dus om De Pleats wer goed draaie te litten. Geesje: "Wy sjogge mei fertrouwen nei de takomst."
Geesje Duursma fan De Pleats yn Burgum