Keatsklups posityf kritysk op keatsbûn by gearkomste oer coronaprotokollen

14 jul 2020 - 23:01

Posityf kritysk. Sa kin de opstelling neamd wurde fan de goed 25 keatsferieningen dy't tiisdeitejûn yn Blomketerp yn Frjentsjer ôfkaam wiene op in gearkomste dy't organisearre waard troch de KNKB. Doel fan it keatsbûn: ferieningen ynformearje oer de mooglikheden dy't der binne om haadklassepartijen te organisearjen, nettsjinsteande alderhande coronaprotokollen.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Bouwe Stiemsma, foarsitter fan de keatsferiening Warber bliuwe fan Moarre-Ljussens makke de gearkomste dúdlik dat in haadklassepartij ek yn dizze tiid bêst wol te organisearjen falt. Moarre-Ljussens wie sneon de earste keatsferiening dy't dit jier in haadklassepartij organisearre hat.

'It is in begjin'

Twadde doel fan de gearkomste wie om ferieningen entûsjast te meitsjen dit seizoen dochs noch in haadklassepartij te organisearjen. Oant no ta wie de aginda foar augustus noch leech en dat is net nei it sin fan de KNKB.

Uteinliks hat OKK Bitgum tasein dat sy op snein 2 augustus wol in haadklassepartij organisearje wolle. Jutryp Hommerts hat oanjûn dat sy iepen stean foar de organisaasje fan sa'n partij, nei alle gedachten op snein 9 augustus. Fierdere tasizzingen waarden der troch de oanwêzige ferieningen net dien. "It is in begjin", sa sei KNKB-foarsitter Wigle Sinnema. "Wy gean der foar".

De foarsitter fan OKK Bitgum oer de gearkomste:

Der wiene ek de nedige krityske lûden te hearren. In oantal ferieningen frege him ôf oft de KNKB yn dizze drege tiden net wat pro-aktiver optrede moatten hie. Boppedat fûnen in oantal ferieningen dat de KNKB mear konkrete stipe jaan moat oan ferieningen dy't ree binne om wedstriden te organisearjen. Benammen yn de rjochting fan de gemeenten dy't freegje om protokollen.

Sinnema hie begryp foar dy krityske lûden, mar wie goed te sprekken oer de positive hâlding fan de ferieningen. De KNKB hat ûndertusken de protokollen fan Moarre-Ljussens, Boalsert en Sint-Anne op de eigen website publisearre.

KNKB-foarsitter Wigle Sinnema oer de gearkomste:

(advertinsje)
(advertinsje)